Wepperkes -moandei-

Programma SDS dizze wike
26 april 2004
Wepperkes -tiisdei-
27 april 2004

De grutte tean yn twaën.
Gerrit Terpstra is de routinier fan SDS 2. Hy is sa hurd as in kûgel en sil en moat it seizoen útfuotbalje ûndanks in blessure oan syn dikke tean. Hy is neffens Gerrit net stikken dus net ouwehoere. Hy kin al net mear traine, mar sneons dan stiet hy der. Ôfrûne sneon gie it út by Flevo Boys net sa lekker mei Gerrit. Yn ‘e wedstriid hie hy al sa ’n lêst fan ‘e tean dat hy der wyt fan seach en der beroerd fan wie. Dochs woe hy trochsette, want wiksels wienen der net mear. Hy koe krekt it ein fan ‘e wedstriid rêde en nei in bierke yn ‘e Emmeloarder kantine gie it al wer wat better. In âld wiifke koe Gerrit syn lijden allinne net langer oansjen. By ’t opheljen fan har patat gie sy boppe op Gerrit syn tean stean. Mei noch ien wedstriid te gean foar de kompetysje(SDS 2 is al kampioen) en de heale finale foar de beker yn it foarútsjoch is it seizoen foar Gerrit gebeurd. Syn tean moat no hast wol hielendal oan pún wêze.

Jammer

It is wat jammer dat de supporters fan Be Quick ôfrûne sneon it reklameboerd fan ús haadsponsor fernield hawwe. Netsjes fan it bestjoer fan Be Quick is dat de rekken nei Dokkum mei. Oannommen wurdt dat dizze rekken dan ek betelle wurdt.

Wedstriidferslagen
Wy binne benijd nei it wedstriidferslach fan SDS 2. Ús Rotterdammer Stefan van Krimpen is hjirfoar yn ‘e penne klommen. Oan ’t no ta hawwe wy noch neat binnen. Wol hawwe wy it ferslach fan de topper fan SDS D1 tsjin Read -Swart binnen. It ferslach fan Klaas Pompstra kinne jimme lêze ûnder Junioren, SDS D1, Wedstrijdverslagen.

Snel opwolje
At je by Be Quick Dokkum fuotbalje wolle dan wurdt der mear fan je frege dan allinnich mar goed fuotbalje. Je moatte ek W.C.-papier sa snel opwolje kinne dat je op ‘e tiid binne foar it begjinsinjaal fan ‘e wedstriid.

Hoefolle konten hie ik hjir wol net mei faaje kinnen?

Drok
Faber en Scheltema hienen it sneon drok by de kassa. Alle 300 programma’s wienen útferkocht. Der wienen ek noch genôch minsken sûnder programma.

Lange rijen foar de kassa


Wat in besikers
Forige wike hawwe hast 2000 besikers op ús webside hân. Safolle hawwe wy noch nea earder yn ien wike hân.

Futsalnijs
*Yn ‘e earste klasse fan it sealfuotbaljen is Blauw-Wit ’34 út Ljouwert kampioen wurden. Exstador spilet tsjin Foarút yn ‘e neikompetysje. SDS spilet folgend jier yn ‘e earste klasse.
*Yn ‘e twadde klasse (dy sûnder SDS) binne Futsal Marum 1 en CAB 1 beide boppe-oan eindige. Sy moatte noch in beslissingswedstriid spylje om it kampioenskip. De ferliezer spilet neikompetysje.
*Yn ‘e twadde klasse (fan SDS) hat WZS yn ‘e neikompetysje wûn fan Warkum. Warkum is dus útskeakele. WZS wachtet no in tsjinstanner út de oare twadde klasse.
* Leekster Eagles 2 en 3 hawwe ôfrûne freed de beker wûn troch te winnen fan respectievelijk Exstador 1 en ZVF 2.
* De A1 en it damesteam fan Friesland College hawwe freed ek de beker wûn. Sy wûnen fan Real Camaradas en ONS.

Nije wepperkes
Hawwe jimme noch wat foar dizze rubryk, mail it dan nei
info@vv-sds.nl .