Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
22 januari 2007
Wepperkes -woansdei-
24 januari 2007

SDS 2 giet trainen
De oefenwedstryd fan SDS 2 jûn tsjin BCV giet net troch. Der wurdt no gewoan traind. Nim foar de wissichheid ek fuotbalskuon sûnder noppen mei yn it gefal dat it fjild wat hurd is.

It trainen giet troch
Al is it wat kâlder dan wy de lêste tiid wend binne, it trainen fan SDS 1 giet ek gewoan troch.
(Bron: Marcel Frankena)

Op nei de Kuip!
Der binne ynmiddels al in grut oantal minsken dy’t harren opjun hawwe foar de trip nei De Kuip op snein 22 april. De teller stiet momenteel op 18 persoanen. Der kinne dus noch mar 16 minsken by!! Wa ’t mei wol moat der dus gau by wêze(klik hjir).

Woansdeitejûn futsaljûn(1)
SDS 2 spilet moarntejûn om 20.30 thús de topper tsjin Ens 1. Kom it sjen!

Woansdeitejûn fier fuort jong….(2)
SDS 1 spilet woansdeite jûn yn ……Roden tsjin ONR 1. Dizze wedstryd begjint om …..22.00. Dat kin dus wolris let wurde.

In goeie koach
Bij it ynternet Koachspul fan de LC dogge mear as 10.000 dielnimmers mei. It is in goeie prestaasje at je bij de earste 1000 steane, in beste prestaasje at je bij de earste 300 stean en je binne in superkoach at je yn de top 10 steane. Yn Wommels wenje trije beste koaches en
ien superkoach
.

Ideetje damesteam
Feike Joritsma kaam mei in idee foar it frouljusteam fan SDS(klik hjir).

SDS-froulju
Wy hoopje noch altiten dat der mear froulju binne dy ’t harren opjoue as lid fan SDS. Oan ’t no ta binne der 11 spilers. It soe moai wêze as der wat mear by kamen(klik hjir).

Pikefel(4)
By Ascoli yn Italië liket it by tiden wol karnaval(klik hjir en hjir).

Letter mear!