Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
21 januari 2007
Wepperkes -tiisdei-
22 januari 2007

SDS 2 oefent
SDS 2 hat moarntejûn in oefenwedstryd tsjin BCV. Sy fertrekke om 18.15. Mocht it net trochgean dan wurdt der gewoan traind. Nim foar de wissichheid ek fuotbalskuon sûnder noppen mei yn it gefal dat it fjild wat hurd is.
(Bron:Gert-Jan Hiemstra)
 

Dukatenaksje Poeisz
Fanôf folgende wike moandei 29 jannewaris docht SDS mei oan de jeugdsponsoraktie bij de Poiesz yn Skearnegoutum. Je kinne dêr dukaten sparje foar SDS. Doch dus allegear mei!


Op nei de Kuip!
Op snein 22 april is it safier. Om 10.00 sil der dan in bus fertrekke by SDS wei om te fertrekken nei Rotterdam om dêr de wedstryd tusken Feyenoord en NEC te sjen. Wa ’t mei wol moat der gau by wêze(klik hjir).

Net foar neat it moaiste stadion fan Nederlân.

Futsal F2

De earste kear futsal wie 2 desimber. It gie doe net sa goed (senuwen foar sinteklaas?) Mar sneon 20 jan. gie it as in tierelier sa best!!!! Der wurde hiel goed oerspile. We moasten 4 kear spilje: 2 wun, 1 gelyk en mar 1 ferlern. Koen hat yn eltse wedstryd in goal makke; hy wie snel en spile in protte mantsjes de bal foar de fuorten wei. De spiler fan de dei wie dizze kear Solomon de Hoop. Hy makke syn earste goal yn syn karierre!!! Heit, mem en broer moasten oan de patat mei frikandel want dat wie it winnersmiel.

Solomon wie in beste ferdediger en kapte hiel makkelik de bal fuort fan de tsjinparty.

Ek Yward hat in moai doelpunt makke yn de twadde wedstryd!

Al mei al hat F2 sjen litten dat sy yn de seal ek mei komme kinne. 3 feb. ha wy noch 1 kear futsal, wy ha der sin yn!

Groetnis de spilers fan F2.

SDS F2 ek yn de seal net te hâlden.

Midsimmercup 2007
Ek fan ’t simmer sil de Midsimmercup wer ferspile wurde yn Dronryp. De datum hjirfoar sil sneon 9 juny wêze.

Man fan it jier 2006
Yn Dútslân hawwe sy krektlyn de ferkiezing hân fan “de man fan it jier 2006”. Neffens ús in terjochte útslach(klik hjir). Dy fyts hie allinne in bal wêze moatten…..

Pikefel(4)
Yn Argentinië kinne se der ek wat fan. Hjir de fanatike oanhang fan River Plate(klik hjir).