Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
5 maart 2006
SDS League: First Choice(MP) nimt kopposysje oer!
7 maart 2006

Nij skoreboerd

Juster hat Rienk Wiersma it nije skoreboerd ophelle út Akersloot. It stiet no by Fa. Couperus. Dizze sil oan ‘e gong mei de konstruksje. Der sit dus aardich skot yn. Hjirby de earste foto fan de efterkant. De foarkant bliuwt noch efkes in ferrassing.

In goed alternatyf
Wij as fuotballers hawwe allegear lêst fan dizze freeslike winter. Net echt winter, gjin iis, mar wol in soad nachtfroaskes en sniebuikes wêrtroch wij sa stadichoan oant heal maart net echt traine en fuotbalje kinne. At is sa troch giet moatte wij net allinne foar de simmerstop in reedlik alternatyf sykje (keatse) mar ek foar de winter. Ien man hat dat al hiel lang sa regele. Stoffel Bouma (SDS 4 )  is winters drok oan it Frysk damjen. En al jierren wit hij him steande te hâlden yn de kampioensklasse. Ek dit jier waard Teake Kooistra fan Hartwert wer kampioen en degradearde Stoffel al wer net. Hulde.


Op de Fryske dei hat Stoffel noch efkes oefene.

Sportskoalle
Noch net op de sportskoalle west yn Wommels?. Foei. Dan bliuwe jim wol in hiel ein efter yn jim ûntwikkeling. Want wat is der no lekkerder as binnen fytse en op in rolbaan drave. Dêr kin de bûtenlucht fansels lang net tsjin op.
At jim der hinne geane, omdat je der oars net mear bij heare, dan wol goed de instruksjes lêze want oars komt it net goed. Sjoch
hjir.

SDS League
Jûn kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League fine.

SDS-sjaals
SDS rekket aardich troch de sjaals hinne en miskien binne se sels wol op. Wa kin ús noch oan 2 sjaals helpe? Mail nei
info@vv-sds.nl.

Tip
Sicco Scheltema lit ús witte dat je op dizze webside alle sjurts fan fuotbalploegen fine kinne dy ’t je mar betinke kinne.
Home
Sels hat hy krekt it nije sjurt kocht fan Eto’o fan Kameroen en it nije útsjurt fan Liverpool. It sjurt fan Davids fan The Spurs komt der ek noch oan.

Letter mear!