Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
4 maart 2006
Wepperkes -tiisdei-
6 maart 2006

KNVB-voetbaldagen
De KNVB hâldt ek dit jier wer fuotbaldagen foar de jeugd. Klik hjir foar mear ynformaasje. It is fêst de muoite wurdich.

Betterskip!
It sit Dennis Dijkstra dit seizoen net mei. Hy wie krekt wer wat oan ’t trainen neidat hy in skoft sitten hat mei brutsen teannen. No is hy tiisdei op trainen troch de rêch gien. Betterskip tawinske!

Betterskip(2)
Gerrit Hingst is oan de betterjende hân nei syn akkefytsje fan inkelde wiken werom. Hy kin wer wat prate en is alwer yn de sporthal sinjaleare. It laitsjen is noch al wat pynlik.

Wij gean foar in protte goud
In oantal medailjes op de Olympyske spelen fan de nederlânske sporters wie mar hiel gewoan. Wij hawwe ek gjin hoop dat it oer 4 jier better wurde sil. Wij moatte der dus foar soargje dat it de oaren wat minder maklik ôfgiet. Dêrom stelle wij foar dat Stoffel yn training giet foar de byatlon. Hij hoecht net hurd te kinnen at er mar
goed sjitte kin. Set it lûd wol efkes oan!

Fuotbalsjurts
Foar de moaiste fuotbalsjurts kinne je terjochte op dizze webside:

De nijste WK-sjurts binne der te krijen mar ek in soad âlde sjurts. Ek fine je der sjurts fan klups út allerhande lannen.

Relativere
Wy Noorderlingen hâlde der wol fan om dingen te relativearjen. Sa kin it dat de trainer fan FC Groningen, Ron Jans, sneon sa reagere op it 5-0 ferlies tsjin Willem II.
‘Ik verlies liever een keer met 5-0, dan vijf keer met 1-0’ 
Trainer Ron Jans tilt niet al te zwaar aan de forse nederlaag van FC Groningen bij Willem II (Langs de Lijn)


Frije traap
Dy frije traap fan Alex sneon tsjin SC Heerenveen wie in oanslach neffens Gert-Jan Verbeek. Wat moat dit dan wol net wêze(sjoch hjir).


 
Letter mear!