Wepperkes -sneon-

Jûn parsekonferinsje FC Wommels!
3 augustus 2007
Wepperkes -snein-
5 augustus 2007

Oefenwedstryd
SDS 1 oefent kommende tiisdei om 19.00 thús tsjin GAVC. De A-seleksje wurdt om 18.00 yn de boks ferwachte.

Gjin oefenwedstryd
De B-seleksje moat tiisdeitejûn gewoan traine om 19.00. Mochten je net kinne dan kinne je ôfsizze by trainer Hylke Schrale syn nûmer is: 06-46324996.
Hylke siket eins noch in tsjinstanner om tiisdei tsjin te oefenjen. Mocht der in klup belangstelling hawwe dan kinne sy kontakt mei him opnimme.

Parse konferinsje
Yn it grôtfolle Jimbar yn Wommels is freedtejûn de Wommelsers ploech presintearre foar de doarpestriid tsjin Easterein op 24 augustus.  Hoewol, it wie mear de technyske stêf dy’t der wie en de seleksje dy’t skitterde troch ôfwêzichheid.
De parse foarjlochter AFde Boer Jansma iepene de jûn mei in gedicht. Dêrnei waard er weromsjoen en foarútsjoen.
Positivisme , dêr lei de klam op. Krityske fragen waarden dan ek negere. Hjir ûnder in pear ûnderwerpen.

Seleksje
De koach, dy’t gjin papieren hat, útsein in ferf, swim en in ferkearsdiploma, makke de seleksje bekind. Gjin ferrassingen. Neffens him is de ruil fan Hendrik de Jong en Anne Stenekes tsjin Ype Tiemersma en Jan Stenekes in goeie set west. Wommels is der sterker op wurden.
Offallers yn de foarloapige seleksje binne û.o.  Siepie Visser (te lang hier) Rients Smit (moat it goeie waar regelje) Lolke Hofstra (blessure gefoelich) en Ate Vellinga ( is better yn ballen oppompe)
Neffens soigneur Piet de Jong hat allinne Willem Wijnia in kondysje efterstân.

Seks foar de wedstryd
De Wommelser fuotballers meie gjin
seks foar de wedstryd hawwe. Hoe lang is net dúdlik wurden. De technyske stêf siket intern in oplossing om eventuele problemen de hân te bieden.

Systeem
Net dúdlik waard hokker systeem der spile wurdt. De oanwêzichheid fan in oantal Eastereinders yn de seal soarge foar in werom hâldend antwurd.

Ut de oare parse
Ek Voetbal Provinciaal wie juster oanwêzich op de parsekonferinsje. Haadredakteur Jehannes Durksen skreau
it folgende artikel.

Traine
SDS 3 begjint op tiisdei 14 augsutus om 20.30 oere te trainen. De wike dêrop wurdt it trainen nei de moandeitejûn ferskood. De krekte tiid dêrfan heare jim noch.

Gehoord en gezien
Dit is de titel fan in nijsgjirrige rubryk yn de Ljouwerter Krante. Freed stie dit dêr yn:
Tien jaar geleden vierde de KNKB zijn honderdjarig bestaan met de musical “Kening op sokken”van Rients Gratama. In de musical debuteerde “lytse Jelle” die ervan droomde ooit op het Sjûkelân te staan en dan natuurlijk koning te worden…….
……Koning werd hij niet, maar lytse Jelle is intussen groot en stond woensdag op it Sjûkelân: Dirk Yde Sjaarda út Easterein.

Drave
Woansdei wie de PC. Dat is altiten in leuke dei. Der is ek altiten in leuke neisit en dan is it fansels wichtich om wer goed thús te kommen. Mei de auto is gjin opsje, tenzij der in Bob is, en de fyts is dan in goed alternatyf.
Nei hûs ta drave kin fansels ek. Allinne at dat hûs yn Easterein is, is dat in hiele prestaasje, tenzij je wer gjin bier hân hawwe.
Ien fan de Eastereinders hold woansdeitenacht twa famkes op de fyts selskip wylst hij mei draafde fan Frjentsjer nei Easterein. In bysûndere prestaasje, mar wij binne benijd hokker SDS-er sa’n izeren kondysje hat.

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!