Wepperkes -sneon-

Programma 13 maaie 2006
12 mei 2006
Wepperkes -snein-
14 mei 2006

Allert Turksma wint penalty-bokaal
Justerjûn hat Allert Turksma(E1) de penalty-bokaal wûn op de slotjûn foar de jeugd. Yn de finale wûn hy it fan Tjeerd de Vries(D2) en Jacob Smink(F2).

Winner Allert Turksma op ‘e skouders.

Seleksje SDS 2
Der binne net folle seleksjes bekend foar hjoed mar dy fan SDS 2 stiet sa goed as fêst. Dit binne de mannen dy ’t it rêde moatte tsjin ACV 3:
Jan-Simon, Robert H., Sybren, Gerrit, Sjoerd, Willem, Jelte, Pieter, Gerlof “Fuck Ya” Veldstra, Stefan, Jos, Bote en Dennis(hy is der wer!!).

“Ôfskied”
By SDS 2 wurdt hjoed ôfskied nommen fan Klaas Okkema as trainer. Hy hat 2 jier trainer west fan SDS 2. Hy hat in knappe prestaasje levere troch SDS 2 te behâlden foar de Reserve-1e Klasse. Klaas bedankt!!

Fansels nimt Klaas gjin ôfskied fan SDS!!

Slotjûn jeugd
Justerjûn wie de slotjûn foar de jeugd. Letter kommende wike kinne jim de foto’s besjen.

Spektakulair slotfeest SDS4
De SDS fjouwer spilers hawwe justerjûn it seizoen ôfsluten mei noch trije wedstriden te gean.
Letter in reportaazje oer dit bysûndere barren, mar no alfêst wat fragen:
– wat kinne je op de Bieren dwaan
– wa is de beste boerengolver
– kinne je oer in feart ljeppe fan 8 meter breed en hast twa meter djip mei in pols fan 4.5 meter
– wêr stelt Piet Baantjer hjoed in ûndersyk nei yn
– is in weromreis like lang as in hinnereis
Mocht SDS 4 hjoed winne, dan sil tenei alle freed in programma opsetten wurde mei in protte wille,bier,fjoer, hout,kilometers  en muzyk. 

3 punten?
Slagget SDS 1 deryn om fanmiddei 3 punten te pakken? Neffens Topamateurvoetbal.nl slagget it ek fanmiddei net(klik
hjir). Wy binne benijd.

Sa kin ’t ek
Foarige wike moast Noordscheschut tsjin HZVV yn Hoogeveen. Ek dêr hienen sy in probleem mei de auto’s. Net ien woe ride. Dit hawwe sy sa oplost:

Mei syn allen yn de huifkar.

Ek foar de tassen waard soarge.