Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
21 oktober 2005
Wepperkes -snein-
23 oktober 2005

SDS 35+ troch yn de beker
SDS 35+ hat hjoed mei 3-0 wûn yn en fan Noardburgum. Hjirmei geane sy troch nei de folgende ronde. De 1-0 waard makke troch Auke Buck. Nei in foarset fan Roel kopte hy de bal knap binnen hast op de efterline steande. De 2-0 wie in goal fan Wichard nei in passke fan Durk Okkema. De 3-0 waard makke troch Roel Sybesma út in geweldige frije traap.
Nei de tiid wie it knap gesellich yn de kantine fan Noardburgum wêr ’t de 35+’ers âlderwets genietsje koenen fan hearlike kâlde fleskes bier. It ienige minpunt fan de middei wie dat Durk Okkema nei in heal oere útfoel mei in spierblessure oan ’t kût.

A2 ferliest
De jongehearen fan SDS A2 moasten hjoed nei SneekWitzwart A2. SDS ferlear mei 0-6.

D2 spilet gelyk
Ek D2 moast oantrede. Frisia D6 wie de tsjinstanner. It waard in fertsjintlike 3-3 yn Ljouwert

Meinte Sixma toernooi
Under ideale omstannichheden hat hjoed de jeugd fan F, E en D alvetallen aktyf west.
Al fêst in pear sfearfoto’s

Der wie fansels in protte publyk oan de line, mei in grut heit en mem gehalte


Bij de Efkes wie it fansels wer in aardichheid om te sjen


Konsintraasje mei de doelfrou


De Eetsjes fochten ek om de prizen..



Sinleaze fernielings
It fytspaad tusken Wommels en Easterein is de ôfrûne nacht slim skansearre. Wij meie hast wol oannimme dat in oantal jeugdige fandalen it nedich fûnen de ljochtpeallen om te triuwen mei as gefolch dat ien op de kop yn de feart leit. Wij hoopje fan herte dat de dieders oppakt wurde en in fyts- en rinferbot krije fan 5 jier foar dit paad.

Stielen kabels
De Skoalleseize hat der foar soarge dat ûnder de ballenfangers op it trainingsfjild stielen kabels troch de netten rige binne sadat de ballen der net mear ûndertroch rolje kinne. Wy kinne sizze dat dit goed helpt. Der is allinne sûnt koarten in nij probleem ûntstien no ’t der in soad beamen fuorthelle binne. De ballen bedarje no wolris op de sporthal……………..

Noch mear goeie antwurden
Wy krigen noch inkelde goeie antwurden binnen op de fraach welke “beroemde” SDS’er no eins op dy klassefoto op ‘e mid-mid stie. Dit binne se:
*goede morgen!!
iemand die altijd in het middelpunt staat,op de foto in het veld,verbaal ook trouwens,kortom….dhr DEINUM
vr.gr. Jacob Plantinga

*
goeie jûn,
hij is echt neat feroare, it is wichard deinum!!
groetenis hendrik de jong.
*Hoi,
Dat kin net oars dan myn Wicky weze, der op dy foto. Wat in leaf jonkje net? Hy sit sa moai mei syn earmkes oer elkoar hinne. It bewiis dat hy wol stil sitte kin!
Groetnis, Aukje.
*ehm……Tjeerd Hingst?? Of toch Wicky……..Ja, beide sitte yn e midden.
Groetnis,
Anco.

Slap traine…….
Dat der sneon gjin wedstriid is fertaalt sich fuort en daliks tidens it trainen. De A-junioren ha slap traint, wat ouwehoere en op twa goals sjitte. Dat Geert Dijkstra net skerp wie die bliken.Kom je hielendal út Winsum, ha je de fuotbalskuon fergetten. Geert: jout niks ik helje se wol op, want ik sil dat oersjitten op twa goals winne! In kwartier letter wie der wêr op´t fjild mei skuon.
It sjitten koe neat wurde, folgende kear op sokken Geert?
Marco

Tips
Wy krigen 2 tips binnen foar wat te dwaan hjoed no ’t der gjin fuotbaljen is. Dizze mailtsjes krigen wy fan Wichard en Ype:
*Hallo Willem,
Mijn idee is om zaterdag even in Noordbergum te kijken bij de 35+
Het is beter om je eigen club aan te moedigen dan Nijland,ze spelen toch maar 3e klas en Ate Feike is er ook niet bij dus wat moet je daar dan. Nee mensen zaterdag naar Noordbergum aanvang 14.00 uur en steun de toppers van de 35+.
Groeten Wicky
p.s. ik doch ek mei.
*S
pultsjes dwaen minske ergerje dij net , bingo,houdsje wip ensfh. 
vr gr ype.

Nijs?
Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei
ús.