Net folle fuotbaljen
Der wurdt sneon net folle fuotballe. Fan de senioaren sit allinne SDS 35+ noch yn de beker. Sy spylje moarn út by Noardburgum om 14.00 oere. Yn Easterein wurdt hielendal net fuotballe. De rest fan it programma sjocht der sa út:
22/10/2005 11:00 74612 SneekWitZwart A2 – SDS A2 22/10/2005 10:00 73508 Frisia D6 – SDS D2 22/10/2005 09:00 74204 TTBC F1 – SDS F1
Meinte Sixma-toernoai
Sneon wurdt yn Easterein it Meinte Sixma-toernoai organiseare. Dit begjin om 13.00 oere. Dit is foar de jeugd fan oan ’t en mei de C-junioaren..
Betterskip(1)
Oan de list mei blessures kin wer ien taheake wurde. Sybren Nauta krige tongersdei inkelde stielen buizen op ‘e foet. Dat docht sear en dat koste him yn elts gefal in brutzen “middenfoetspoatsje”. Wy winskje Siebren betterskip!
Betterskip(2)
Durk Okkema mocht tongersdei earder ophâlde fan trainen. Net omdat hy SC Heerenveen op ‘e tillefysje sjen woe mar om ’t hy in skuorke boppe ’t eag oprûn op trainen. Dokter Meerdink woe ’t lokkich genôch yn de rêst fan Dinamo Boekarest-SC Heerenveen wol efkes plakke sadat Durk noch wol op ‘e tiid yn de kantine wie om de twadde helte te sjen.
Betterskip(3)
Gert-Jan Hiemstra sukkelt al in skoftke mei syn knibbel. Sa ’t it no stiet moat Gert-Jan binnenkoart foar in “sjoch-operaasje”. Wy hoopje foar Gert-Jan dat hy dêrnei gau wer wat opknappe mei.
2x goed
Wy krigen antwurden binnen op de fraach welke “beroemde” SDS’er no eins op dy klassefoto op ‘e mid-mid stie. Wy rekkenje se beide goed. Dit binne se: