Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
26 augustus 2005
SDS 3 wint earste oefenwedstriid.
28 augustus 2005

Ranglist Fryske twadde klassers
SDs begjint dit jier oan in avontoer yn de 1ste klasse. Dat betsjut dat se harren goeie posysje yn it algemiene klassemint fan de twadde klas net ferdigenje kin.
154 wedstriden hawwe se spile yn de twadde klasse en se hellen dêryn 210 punten. Allinne it Fean en Hurdegaryp helle mear punten. Sjoch foar de komplete list
hjir.

Artikel FD
De fuotbalbijlage fan it Friesch Dagblad liet ek wat fan SDS sjen. Sjoch
hjir

Oefenje
Wy hawwe fan hearen en sizzen dat SDS 1 kommende tiisdei oefent tsjin SSS. Wêr, hoe let is ús net bekind. It bliuwt spitich dat wy net streekrjocht ynformeard wurde oer SDS 1 troch de neist betrokkenen. 

Ôftraap jeugdleiders en -trainers
Ôfrûne woansdei is de “ôftraap” west foar alle jeugdleiders en -trainers. Sy hawwe fergadere mei de Jeugdkommisje, de teamyndielings binne bekend makke en de materialen binne útrikt. Ek binne de trainers mei Willem Twynstra en Feike Jorritsma by it nije materiaalhok en de nije ljochtynstallassje del west.

Syszeling-starttoernoai 
Kommende sneon 3 septimber is foar E- en F-pupillen it Syszeling starttoernooi.
Tiid: 13.00 -15.00 oere
Lokaasje: nije trainingsfjild
Om ’t it grutste part fan de jeugdkommisje sels fuotballe moat(by de senioaren!) is de organisaasje foar it grutste part yn hânnen fan de leiders.

Nije ljochtynstallaasje
Wy kinne grutsk wêze op de nije ljochtynstallaasje op it trainingsfjild. De nachtbline Jappie Wijnia lit ús witte dat hy tiisdei by it trainen net iens merkt hat dat it donker waard. As dat net in kompliment is.