Wepperkes -sneon-

Wa pakt de gele trui?
13 augustus 2005
Wepperkes -snein-
14 augustus 2005

SDS 2
Sy oefenje tsjin Nijlân 2. De wedstryd begjint om 14.30 oere. Sjoen wat oare aktiviteiten binne der ek wat spilers fan de A-seleksje bij.

Fierljeppen
Yn Winsum springe de fierljeppers hjoed foar de titel. It begjint dêr om 13.30 oere en it is net allinne it ljeppen wat leuk wêze kin, it is mear it prachtige kommentaar fan Hendrik Haanstra dy’t it geweldich opfleuret.

De Slachte
Op en rûnom de Slachte binne de hynders hjoed fanôf 16.00 oere te sjen op de maraton fan Kûbaard. Nei ôfrin is der muzyk yn de tinte, dy’t dochs wer efter Kûbaard stiet. De namme fan de band dy’t dêr spilet komt oerien mei de typearing fan it waar fan dizze simmer: DiepTriest

Cauberg
Je hiene fansels ek nei de Cauberg kind, om de SDS-ers oan te moedigjen by it beklimmen fan dat heuveltsje, dat ten ûnrjochte de namme berch krigen hat.

Itens
Wa’t hjoed graach in praatsje mei wol mei Sjouke Sjoukema moat nei Itens ta.
Yn Itens binne hjoed wat 1ste klassers oan it keatsen. Pytrik Hiemstra en Geert Dijkstra stiene dêr op de list. Sy wiene der al gau ôf.

Traine
De spilers fan SDS 4 en 5 moatte noch twa wiken wachtsje. Op tongersdei 25 augustus begjint ek foar harren it trainehn wer. Yn it earstoan wurdt er traind op it nije fjild (tagelyk mei SDS 2) omdat it eigen trainingsfild noch efkes rêst ha moat.

Ballontocht
De Freulewinners fan Holwert binne freedtejûn de loft yngien fanôf it keatsfjild. Foto’s binne te sjen op
www.freuledei.nl

Letter hjoed mear. Hawwe jim noch nijs mail it dan nei info@vv-sds.nl