Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
13 augustus 2005
Sponsors
15 augustus 2005

Harm ûnder it mes
Harm Stremler sil moandei holpen wurde oan syn knibbel. De operaasje sil plakfine yn Harns. Harm ferwachtet sels oer 8 wiken wer fuotbalje te kinnen. No mar hoopje dat de dokter it dêr mei iens is.

Wy winskje Harm in soad sterkte ta moarn!

Jacob Klaas promofeart
Jacob Klaas Haitsma hat dit jier wol wat mei promoasje en degradaasje. Mei SDS promovearde hij, mei Jehannes en Gerrit (keatsen dus) degradearde hij en no is hij wer promoveard. Takem jier yn de haadklasse. Hjoed te bwonderjen yn Boalsert op de 1ste klasse.

Wa hat wûn?
Wa hat de giele trui pakt op ‘e Cauberg? Eltsenien is fansels tige benijd. Wy hawwe al hiel wat ynformaasje krigen út Valkenburg en de foto’s mei de tuskentiden komme jûn let heechstwierskynlik binnen. Moandei kinne wy hooplik útgebreid útslútsel jaan oer alles! Wy kin al wol fêst sizze dat de webmasters wol aardich ferstân fan hurdfytsen blike te hawwen.

SDS 2 wint
SDS 2 is syn oefenkampagne knap starten. Yn Nijlân waard mei 4-2 wûn. De doelpunten waarden makke troch Arjen, Willem, Skelte en Henk. Jûn let dan kinne jimme hjir in wat grutter ferslach lêze mei foto’s.

Programma’s
De wedstriidprogramma’s fan ferskate (noch net allegear)teams binne al hielendal bekend en steane hjir no op de webside. Sjoch by “Senioren” of “Junioren” en sykje je favoriete team.
(mei tank oan Klaas P.)

Topfysio
Goed
 nijs foar SDS. Harm Ane Nauta berjochtet it folgende: “It is no seker dat we Yn Wommels een festiging fan Topfysio begjinne. It sil heve fanôf heal septimber yn e sportskoalle fan Veronique Akkermans oan de Walperterwei. Fansels sille wy der earst net eltse dei fan moarns ier oant jûns let sitte. De minsken moatte de webside mar yn ‘e gaten hâlde op welke dagen en jûnen wy yn Wommels del komme. We ferwachtsje wol dat it oantal deidielen dat we yn Wommels binne tanimt de kommende moarnen. Ek dat sille we by “openingstijden” op de webside fermelde.”

De Treffer kin nei de printer
Wedstriden, kompetysjeyndielingen, alvetalyndielingen, nije regeljouwing, sponsers en alle oare saken dy’t fan belang binne steane wer yn de nije Treffer. Ein dizze wike is hij klear. Om in yndruk te jaan hoe’t de Treffer der út sjocht, it folgende byld.