Wepperkes -sneon-

Hanzedruk co-sponsor SDS 1!
5 augustus 2005
Ferslach en foto’s fan SDS-Blauw-Wit ’34.
7 augustus 2005

Blauw-Wit ’34 – SDS 1
De oefenwedstriid fan SDS 1 tsjin Blauw-Wit ’34 wurdt jûn net yn Easterein fuotballe, mar yn Ljouwert. De fjilden yn Easterein binne te wiet. De wedstriid yn Ljouwert begjint seis oere. Degene dy ’t de útslach wit mei it wol efkes maile nei info@vv-sds.nl.

Lotting Freulepartij
SDS-ers binne meast ek keatsleafhawwers. Kommende woansdei is de Freulepartij. De lotting kinne jim sjen op www.freuledei.nl . Moarn sille wy de list efkes trochrinne om te sjen welke SDS-jeugdspilers allegear meidogge.

Útsteld
Op ‘e agenda stiet dat it trainingsfjild op 26 augustus iepene wurd. Dat soe earst ek, mar it giet op dizze dei net troch.
It wurd no freed 30 septimber; dit hat alles te meitsjen mei de pleatsing fan ‘e stekken en ballefangers. De stekken wurde, sa’t it no stiet, pleatst yn wike 36. Wy hoopje dan ek de ballefangers pleatse te kinnen, mar de boufergunnig derfoar is noch net binnen.
In iepening sunder stekken en ballefangers is te keal nei us betinken.
Fedde Wiersma
Skoalleseize

Blesseard???
Wichard hat tiisdei net mei traind mei SDS 1. Hij wie wol op it trainingsfjild yn burger. Miskien is hij geblesseard??
F.S.


Tichterby
Anco Elgersma(SDS 3) komt wer hieltiten tichterby Easterein wenjen. Nei jieren oer de grins fan Fryslân wenne te hawwen kaam hy sa ’n 2 jier al wat tichter werom nei De Knipe. Om ’t hy dêrwei noch altiten de Eastereiner toer net sjen kin hat hy besletten om no mar yn Snits wenjen te gean. Dan kin der ek wer ris op de fyts nei it trainen.

Wat moat wy no?
It is wer ris min waar en wat no te dwaan? Nei it skûtsjesilen yn Starum? Nei de kermis yn Snits? Nei Harkemase Boys-Vitesse om 18.00 oere? Nei SC Joure-Jong Ajax om 18.30 oere? Of moat wy mar gewoan om 18.00 oere nei SDS 1-Blauw-Wit ’34? Jim moat it mar sizze. Foar oare tips, mail nei
info@vv-sds.nl!


Nei it skûtsjesilen!
Om de middei dochs noch goed te besteden hawwe wy mar efkes bij it skûtsjesilen sjoen yn Starum. In koarte wedstryd, want flinke buien makken gau in ein oan de wedstryd.
De reis der hinne wie wol enerfearend. Mei de trein! Of wie it mei de boat?


Remco van Dijk
Remco van Dijk is nij by de A-seleksje fan SDS. Wat kin hy allegear en wêr komt hy it best ta syn rjocht. Dit stiet der oer op de webside fan syn “foarige” klup Avanti:
Remco van Dijk
Aanvoerder van AVANTI 1.
Zaalvoetballer pur sang.
Ongeëvenaarde techniek, balvirtuoos.
Gevaarlijke aanvaller.
Vele doelpunten per seizoen,
maar nog beter in de assist.
Mentor voor de jonge spelers.
Al jaren bij AVANTI.
Tekende opnieuw contract voor twee seizoenen.



Letter mear!