Wepperkes -sneon-

Ofskie Wichard
3 juni 2005
Wepperkes -snein –
5 juni 2005

SDS folgend jier net nei Ljouwert
Net Leeuwarder Zwaluwen, mar Noordscheschut is takem jier ien fan de tsjinstanners fan SDS yn de earste klasse. De Ljouwerters ferlearen mei 2-1  yn de finale dy’t spile waard yn de Blesse. de Sweltsjes geane no nei de twadde klasse. Dêr treffe se Be Quick Dokkum , want dy wûnen de finale fan Balk mei 2-1 .

Meast weardefolle spiler
Tidens it ôfskiedsfeest fan Wichard Deinum makke Anne Brouwer, dy’t fanút hieltyd mear ferskillende posysjes (preekstoel, tafel, stoel en de grûn en binnenkoart steiger en ljedder) )minsken tasprekken giet, bekend hokker spilers it meast weardefol west hawwe foar SDS 1.
Op it tredde plak einige Kees Adema en hy wie sichtber teloarsteld dat dat neat oplevere, op it twadde plak stie Hendrik de Jong en as earste einige Floris Hiemstra. De wiksel beker mei in jier by him op de skoarnstienmantel stean.

De Treffer
It seizoen is dien en de lêste Treffer komt er oan. Hjoed, moarn of oare moarn hawwe jim him yn de bus, hope wy.

Clarence-sluier klassemint
4 jonge knapen fan SDS 2 misten in strafskop yn it fiere Erica. Wy hawwe der dus wer in oantal by yn ús klassemint.

Skelte Anema wie klear foar de foto want hy hie al in sjurt mei kappisjon oandien.

Tsjeard Halbersma knipten wy by de barbekjoe

De memmeleafde giet soms wol hiel fier. Immie Kamstra woe Pieter dit lijen besparje en makke har harsels ûnherkenber

De twillingbruorre leafde giet wat minder fier. Remco Brouwer woe net efkes it plak fan syn twillingbroer Jeroen ynnimme. Wy hawwe it Anne, syn heit, mar net frege, want dy wol altyd wol op de foto. De jacht op Jeroen is dus iepene.

Tydlik oar adres
Haww jim de kommende wike noch wat nijs, dan soene wy it op priis stelle dat jim dat maile nei
aanthofstra@planet.nl . Willem is nei in wiet wâldrock seker wol in wike ûnder wetter.