Wepperkes -sneon-

NewCastle
25 februari 2005
NewCastle-wepperkes
26 februari 2005

Oefenje?
Wy witte net as SDS 1 ek oefenje sil, mar SDS 2 giet heechstwierskynlik fanmiddei oefenjen yn Easterein. Dit soe best is tegeare mei SDS 1 wêze kinne. As it trochgiet kinne jimme it hjir lêze.

Net oefenje!
Yn Easterein bliket der noch tefolle froast yn ‘e grûn te sitten wylst de boppelaach zacht is. Dêr wurdt dus ek net fuotballe. Eltsenien is dus frij. Net ien hoecht him dan ek te skamjen om fanmiddei mei de frou nei de stêd te gean.

Harrie
Schnappie, dy kloatekrokodil, hinget ús goed de kiel út seinen wy fan ‘e wike al. No bliket der ek noch in broer út Drinte te hawwen(klik
hjir).

De nije kantine?
Fanmaorn stie der in sondeerauto(wat dat ik wêze mei?) op de Skoalleseize. Dy hat sjoen dat de fêste sânlaach sa ’n 20 meter ûnder de grûn leit. Dit betjut dat der flinke pealen ûnder de nije kantine komme moatte.

Neffens it ynternet moat dit in sondeerauto wêze.

De nije Treffer
Hjoed of moarn kinne jimme de nije Treffer yn ‘e bus ferwachtsje. Hjiryn û.o.:
*Freddie op Anfield Road
*Ineke Stremler yn “’t Himd fan ’t liif”
*De band Josototo
*Alles oer SDS F4 en 5
*Wyldpisje
*In lyts foutsje(SDS 1 seal spilet net yn de 2e mar yn ‘e 1e Klasse)
*en noch folle mear……..