NewCastle

Alles ôflast!
25 februari 2005
Wepperkes -sneon-
26 februari 2005

In oantal Fean supporters binne werom. In geweldige erfaring riker, wêr’t seker noch hiel wat oerskreuan wurde sil. Om efkes yn de stimming te kommen in pear foto’s.

Om dit kaartsje gie it allegear.


Ek Harm Abma kamen wy tsjin yn de buert fan it stadion


Jan Oosterhaven, Syb Wesselius, Anne Brouwer, en Sybren Wesselius seagen harren eagen út yn de tredde ring


Ate Vellinga moast efkes spesjaal foar dizze side op de foto foar it stadion. Meinte seach dat wer krekt.


It resultaat : Ate Vellinga foar St James PARK


Der wie mear parse: Arjen de Boer fan Omrop Fryslân foar it stadion mei in pear fans, dy’t fansels tige optimystisk wiene.


Ek Meinte Wesselius besocht fan grutte hichte ôf wat krease foto’s te meitsjen. Aant seach dat fansels wer krekt.


Dit seach Meinte…


Ek Sjoerd en Wesley lieten harren oeral heare en sjen. Sy komme sneon wer werom.


De spilers en trainers mei it fleantúch en Aant mei famylje yn de spilersbus


It Ingelske moarnsiten stie de measten net oan. Mear as de helt fan supporters leine de jûns derfoar al mei seesykte betiid yn bêd neidat it skoandere miel der útjage wie.
Nammen binne op te freegjen by de redaksje.

Sjoch moarn foar mear foto’s