Wepperkes -sneon-

SDS EK-League: It giet moai sa
19 juni 2004
SDS EK-League: Sibe nimt ôfstân fan ûnderste plak.
20 juni 2004

Captain Henk

Henk Postma, de man mei de gouden lofter foet, rint sûnt freed mei in groue (lofter?) hân yn Jumbo. Hy wûn mei syn neef Eeltsje Postma en âld SDS-er Paul Walstra it doarpskeatsen yn Wommels.

 

Pieter Lieuwe

Dizze fleurige jongfeint út de Súdhoeke  en fuotbaljend by SDS 4 wurket by leanbedriuw Okkema yn Easterein. De simmer is in drokke periode mar tidens de doarpsfeesten sjocht Piter dochs kâns om in pear frije dagen op te nimmen om feest te fieren. 2 dagen net op de trekker soene je sizze. It siet der foar Pieter net yn. Hy is en bliuwt trekkersjoffeur dus moast hy op ien fan de trekkers foar de weinen fan de optocht ride.

 

Gelok of kennis

Fuotbalútslaggen foarspelle bliuwt in aardige bezigheid. De koprinners rinne eigenwiis rûn en de ûndersten reageare mei de (wize) wurden: it is allegear gelok.

Sa kaam der dizze wike in brief  binnen fan Sibe de Seefûgel dy’t nei syn goede optreden yn de lêste SDS leaugue ek miende ferstân te hawwen fan fuotbal, mar no is sa dúdlik as wat dat hy troch de koer sakket, mei in plakje ûnderoan. Dat hy it no ôfskood op oaren, jout oan dat hy in min ferliezer is.

Beste minsken,

 

Sa’t fêst ek sjoen hawwe stean ik net sa heech yn de leaugue fan SDS.  Dat freget fansels om in neiere útlis want jim hiene fan my fansels ek mear ferwachte. Ik sil jim fuort mar sizze, it binne myn foarspellingen net.

Wy hawwe dit meielkoar op Skrok yn elkoar setten en it die bliken dat wanneear je in ûnnoazele gans, in net al te snoade ein, in oan frustearde skriezen  en in twa ljippen de útslach mei bepale litte, dan krije je soks.

Sjoch de skiezen dy wurde enoarm bedrige. Net allinne troch de boeren hjir, dy’t te betiid meane mar mear noch troch de Fransen dy’t mei hege netten skriezen opfange. Jim sille wol begripe kinne dat de skriezen perfoarst net woene dat de Fransen ek mar ien wedstriid winne sille. Ik joech noch oan dat it der net om giet wat je graach wolle, mar wat je ferwachtsje. It joech neat. De Fransen ferlieze trije wedstriden en dat levert dus net folle punten op.

De Switsers lykwols soene neffens ús fûgelfolkje trije wedstriden winne. Dizze foarsizzing is in beleanning foar it feit dat de Switsers mei in Vogel spylje. De ienige ploech dy’t dat oandoart. It is wol dúdlik dat je der dan trije kear neist sitte.

Dan dy ploech fan Oranje. Dy helje by ús ek neat út, want sûnt dy (nachte)vanGaal de ploech ûnder hannen nommen hat, is der gjin inkel fertrouwen mear yn de ploech. Dêr kin seker Advocaat neat oan feroarje. Dus Oranje op ferlies wie de miening fan de Skroksters.

Sa wiene der mear fan dy ûnbegryplike arguminten dy’t er foar soargje dat ik (sy dus) no hast hielendal ûnderoan steane. Ik bin bliid dat Sjoerd Feenstra en de froulju Koudenburg mei dogge, want dy witte der neffens my noch minder fan as al dit fûgelspul op Skrok.

 

Groetnis

Sibe

Appie Posthumus
Ek foar Appie levere it feest yn Wommels wer in hichtepunt op syn sportive karriere. Tiden it doarpskeatsen wist hy mei in sublime reaksje op 5-5 6-6 de winst foar syn partoer binne te heljen. Dat it yn de ôffalronde wie docht net ta de saak. Dat hy dêrmei Aant út de prizen hold wol. Appie woe wol efkes poseare nei dit resultaat.