Wepperkes (sneintemiddei)

Wepperkes (sneintemoarn)
12 september 2004
Wêr tocht Willem oan?
13 september 2004

Fergetten

Tjeerd Dijkstra is wiis mei syn mobyltsje. Sa’n ding is ek sa maklik at je wat fergetten binne. Sa soe Tjeerd him sneon omklaaie mar moast hy konstateare dat syn broek net yn de tas siet. Hup, efkes nei hûs skilje en Matty wie wol ree om it ding te bringen. Noch gjin minút letter, seach hy ta syn grutte ferbjustering dat er de sokken ek net meinommen hie. Mar wer efkes it mobyltsje brûke om no dochter Tineke te freegjen de sokken efkes te bringen, want Matty wie fansels al ûnderweis.
Noch mar krekt de mobyl wer yn de bûse, kaam Matty al oansetten mei de broek .. en de sokken, want dy seach se ek lizzen. Wylst Tjeerd fêststelle moast dat er net allinne wiis is mei syn mobyltsje mar noch mear mei Matty, wie dochter Tineke noch altyd oan it sykjen nei de sokken.

 

Krús of munt

Sjoerd Postma soe de wedstriid SDS 4 – Lions 3 fluitsje. Drok ferhalend stiet hy mei de oanfierders by de middenstip en smyt de munt omheech. “Kop is it “, sei hy tsjin de oanfierder fan Lions 3. “Wat hiest sein? “.

“Noch neat” lake dy Sjoerd ta.

“Sis it dan mar,”sei Sjoerd.

“Doch mar munt”, sei de Ljouwerter

“It wie kop, dus SDS mei it sizze”besliste de skiedsrjochter. Lokkich koe elkenien wol frede ha mei dizze skiedsrjochterlike “dwaling”.

 

SDS 4 bliuwt winnen
Yn de RESI sjurtsjes hie SDS 5 grutte suksessen. No’t de ploech SDS 4 hjit en ien klasse heger spilet, spylje se yn Burggraaff sjurtsjes. En it liket of Ype Burggraaff hjir noch mear troch ynspireard wurdt. Want neidat Lions 3 op 0-1 kaam, wist hy  mei in prima kopbal de stân lyk te lûken.

Dat wie it begjin fan in bettere periode , want SDS 4 rûn út nei 3-1 by de thee. Nei de thee mei trije farske krêften waard Lions alhiel oerspile. Kansen by de rûs mei úteinlik 4 doelpunten der by.

Roel Sybesma en Anco Elgersma makken beide 2 en Bertus Bootsma en Sipke Hiemstra makken de 7 fol.

Mei tank oan de gastspilers dy’t allegear harren eigen kwaliteit meibrochten. Sjoerd van B. mei syn jeugdich fjoer, Wouter H. mei syn klasse, Robert mei syn ynsjoch en rêst en Anco mei syn snelheid.

In lyts foutsje
Yn it ferslach fan SDS 2 siet in lyts foutsje. It wie net Anne, mar Skelte sy ’t de ferlossende 4-2 makke.
Hjir kinne jim klikke foar it hiele ferslach.

Ferkearde tas
Sneontemiddei moasten sawol SDS 1 as 2 om 12.15 oere fertrekke út Easterein. Dit betekent dat der sa ’n 30 tassen steane te wachtsjen om efter yn in auto gooit te wurden. It foutsje is gau makke dat der dan ris in ferkeerde tas yn in ferkearde auto bedarret. Dat wie dan ek sneon it gefal. Tsjipke hie de tas fan Jos yn ‘e auto smiten en gie dus mei de ferkearde tas nei ’t Fean.
 Lokkich genôch binne der mobieltsjes(freegje Tseard mar) en hie Jos it yn Easterein al yn ‘e gaten. Sa koenen sy dochs de tas noch omruilje foar dat sy beide yn ‘e boks sieten. De ien yn ’t Fean en de oar yn Genemuiden.