Wepperkes (sneintemoarn)

Utslaggen 11 septimber
11 september 2004
Wepperkes (sneintemiddei)
12 september 2004

The Dukes of ………..wat?
Kommende sneon spilet SDS 2 wer thús. No ’t de útwedstriid tsjin Genemuiden sa goed foldien hat sjogge in soad spilers ek alwer út nei de folgende útwedstriid. Dit is oer 2 wiken tsjin Olympia ’28. Dizze ploeg komt út Hasselt(net fier fan Genemuiden). Of om mei Auke Buck syn wurden te sprekken; “The Dukes of Hasselt”.

Lieuwe Jan van de Brug
Wy krigen fan Immie Kamstra in reaksje op ús oprop hoe as it eins mei Lieuwe Jan van de Brug is. Sy koe ús fertelle dat Lieuwe Jan yn Australië sit en dat syn eameladres is:
vanderbrug@zonnet.nl. Immie bedankt.

Ferslagen en foto’s
Wy ferwachtsje hjoed of úterlik moarn de ferslagen fan SDS 1,4,5,A1 en hooplik fan oare junioare- en pupilleteams. Foto’s binne wy ek wiis mei Mail foto’s en/of ferslagen nei info@vv-sds.nl.

SDS 2 wint yn Genemuiden
SDS 2 hat syn earste 3 punten binnen. Yn Genemuiden waard wûn mei 4-2 nei 2-0 efter stûn te hawwen.
Genemuiden begie skerp oan de wedstriid en woe it 10-1 ferlies fan de wike derfoar(tsjin HZVV) graach útpoetse. Dit like te slagjen. Sy kamen mei 2-0 foar, al hie de 1-0 ôfkeurd wurde moatten doe Remco oanfallen waard yn it doelgebiet. De skieds woe hjir allinne neat fan witte. SDS wie net skerp genôch begûn, al wienen der al inkelde goeie kânsen foar Henk en Anne. Nei in heal oere naam SDS 2 mear en mear de wedstriid yn hânnen. It wie Henk Postma dy’t de bal hast fanôf de efterline yn ‘e fierste hoeke skeat en dêrmei SDS 2 werom yn ‘e wedstriid brocht.
Nei de rêst waard it al gau 2-2. Henk koe de bal efter de keeper sjitte nei in lytse solo fan Anne en wat gerommel foar de goal. Gerrit Hingst kopte efkes hjirnei knap in foarset fan Willem binnen by de twadde peal. SDS stie 3-2 foar en kaam eins net mear yn gefaar. It hie sels 2x in penalty hawwe moaten doe ’t earst Skelte en letter Willem ûnderút helle waarden. It wie úteinlik Skelte dy’t de ferlossende 4-2 makke.
It bier smakke fansels knap yn ‘e kantine. Kâlde fleskes(!) Heineken foar in skaplike priis(1,40). Sifer: 9. Wie it Amstel west en hie ik net mear wurkje hoeft dan wie it grif in 10 wurden.
Kommende sneon komt De Weide op besite yn Easterein.

Wepperkes
Hawwe jimme juster noch wat nijs heard  of hawwe jimme wat aardichs meimakke op of rûn it fuotbalfjild mail dat dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Kanariepiet?
Hjir noch in leuke webside foar de lju dy’t hjoed neat te dwaan hawwe om ’t sok min waar is. Foar hun de machig moaie webside; www.kanariepiet.com.

Grapjas
Wy foenen ek wer in SDS-fan yn it gasteboek fan ’t Fean ’58. Wa soe dit west wêze?

sds fan
v volgens mij is jullie taktiek niet helemaal geslaagd. Jammer jongens. 11.09.2004, 21:28
(Bron:Gastenboek ’t Fean ’58)