Wepperkes -snein-

A’s winne mei 5-2 en 6-4!
5 november 2005
Wepperkes -moandei-
7 november 2005

C1 wint fan Makkum
Klaas hat syn ferslach fan C1 wer klear. Sy wûnen fan Makkum. Lês
hjir hoe’t dat gien is.

Mar 5 doelpunten
5 senioaren wedstriden en mar 5 doelpunten dat is de opbringst fan sneon 5 novimber.
Feite en Hendrik skoorden foar SDS 1, Wichard foar SDS 3 en Gearard en……….. foar SDS 5.
Mail ús de doelpuntenmakker fan SDS 5.

Boevenfangers
”Personiel Mediamarkt wurdt beleanne foar it fangen fan boeven”. Dit berjocht stie freed yn de krante. Ek SDS profiteart hjir fan. Want SDS 2 hie Jos Zonderland, SDS 4 hat Pyt (Baantjer)  Kemper en no hat SDS 5 Bas (Vledder) de Haan as boevenfanger.

Foar SDS 1 en SDS 3 kinne kandidaten harre melde.

Wikesjoernaal
Alle wiken krije wij fan
www.voetbalnoord.nl  in wikeoersjoch mei gegevens fan de kommende tsjinstanner fan SDS 1. Dit bestân is te grut om op de side te pleatsen. Wij kinne it wol maile nei de belangstellenden. Dus wa’t it wyksjoernaal tenei yn de mailboks ha wol, kin him opjaan bij ús.

SDS futsal 3
Harm Auke hat syn bêst dien om ús nijs te stjoeren fan SDS futsal 3. Dat nijs it net oankommen mar wij witte ûnderwilens wol dat futsal 3 de topper tsjin Workum 3 ferlern hat.

Jierdei
Wiebe Heeres fan F1 hat hjoed syn jierdei Hij wurdt 8 jier.

De ein fan in ein
Wij krije net allinne fuotbalnijs troch fan ús lêzers. Ek nijs wat plakfynt op it foar SDS tige wichtige fytspaad tusken Wommels en Easterein. Lâns dit fytspaad hong juster in ein yn de beam. Dea. Hoe’t er dêr kommen is, bliuwt fansels de fraach. Hij sil doch net sels……

Is der noch nijs, mail it ús.