A’s winne mei 5-2 en 6-4!

Swarte dei foar senioaren
5 november 2005
Wepperkes -snein-
6 november 2005

A1 hieltyd better op dreef
Tsjin de koprinner waard in 2-5 oerwinning helle. Jelmer(2x), Ralph, Feiko en Paul skoorden. Feiko wie man fan de wedstriid mei 1 goal en 3 assists. It ferslach fan trainer Marco Hoekstra kinne jim lêze troch hjir te klikken.

Dit mailtsje krigen wy fan Feiko syn mem. Tige tank derfoar:
Webmasters,
Uteraard wie ik as ald-inwenner fan SintAnne fan de partij by de A’s mei in SDS-sjaal om ‘e nekke. Sels myn suster Louwina, oars ’trou’ supporter fan SintAnne, wie troch it meispyljen fan neef Feiko dochs wol op ‘e hân fan de Eastereiners…
We hawwe in moaie middei han!
Ek in pear foto’s, miskien kinst der wat mei.
Met vriendelijke groeten,
Ymkje Broersma


Ek yn Sint Anne stiet in toer.

Feiko Broersma yn aksje.


Trainer Marco Hoekstra kin tefreden wêze.

A1 hat skoort!!

A2 set jv Bolsward oan de kant
Mei doelpunten fan Pytrik, Sytse, Bram, Eeltsje (2) en in eigen doelpunt waard mei 6-4 wûn fan jv Bolsward A2. In hiele prestaasje fan A2, dy ’t dit die mei 10(!!) B-junioaren. Hjirûnder it ferslach fan Ids de Boer.

Hoi Willem,
Wij soene juster tsjin JVB A2 Spylje, en dat wie net
lukt sûnder de fiif spilers fan B1, dêr woe ik se noch
mar in kear foar betankje. Doe’t ik der letter oer nei-
tocht die bliken dat der eigenlijk 10 spilers wiene wa’t
nog yn de B ’s thushearden. 5 ut B1 en nog fiif die’t
wol yn de A2 sieten, mar der nog net yn hearden
te sitten. Ik woe mar sizze dat it in prestaasje fan
formaat is. En we ha ek nog mei de selde utslach wûn
as A1 foarige wike die tsjin JVB A1, en wij stiene mei
de rêst ik mei 5-1 foar.
Groetnis, Ids.