Wepperkes -snein-

Fryskedei-sfear-wepperkes
15 oktober 2005
Wepperkes -moandei-
17 oktober 2005

Puzzel
Op it programma boekje fan ôfrûne sneon stie in tapaslike puzzel, makke troch Anna-Marie Wijnia. Wij binne benijd nei jim oplossings. Dus mail ús
de oplossing.

Sukses
Fan de Skoalleseize krigen wij it folgende berjocht:
Webmasters,
As bestjoerslid fan de Skoalleseize wol ik jimme betankje foar de fryske dei. Jimme bydrage wie grut en hat in grutte útstrealing hân yn Easterein en omkriten.
It hat SDS wer op’e ‘fjilden’ setten.
En it Us heit bier wie sa mar op troch de etiket drinkers fan Easterein. Geweldich! Kin wol wer ris
groetnis
Douwe Reitsma

Oanklaaiing
Moandeitejûn in oere as 7 wolle wij graach de oanklaaiing fan it fjild wer efkes opromje. Dus wa’t kin is fan herte wolkom, want in protte hannen meitsje it wurk licht.

Durk Okkema is jierdei
Durk Okkema is hjoed jierdei. Hy wurdt 35 jier. Fan herte lokwinske! Wa ’t nocht hat mei fansels hjoed altiten efkes lâns komme op de Sjaardaleane yn Easterein. Wa ’t him efkes maile wol mei
hjir klikke.

Dirk Yde op de radio
Nei de wedstryd hie de doelpuntenmakker in interfjoe mei Hijlko Broersma. Klik troch nei de
side fan OmropFryslân en sjoch bij it kopke winst foar Fryske haadklassers en hear nei syn ferhaal.

Jammer
Dirk de Jong fermakket him bêst as fersoarger by SDS 1. Dochs soe hy him better fermeitsje as hy sels fuotbalje koe. Hy bliuwt allinnich lêst hâlden fan syn knibbel. Tiisdei giet hy wer foar MRI-scan. Hooplik kinne sy him dêrnei fierder helpe.

Wedstriidferslach fan NylanF1 tsjin SDS F3
Yn de earste helft gong it spul hinne en wer sûnder doelpunten. Fanôf de ôftrap yn de twade helte scoarde Koen. Dernei waard Nylan doeltreffender, troch twa doelpunten en wounen sy de wedstriid. Ik fûn it leuk dat Koen yn ‘e twade helte  in goal makke en dat  Alise de keeper in hege bol tsjin hâld en dat wy hast woun hiene en ik fûn it leuk dat ik mei Gerwin  ferdedigje koe. Ik skopte nei Gerwin en toen pakte Koen de bal dat fûn ik net sa leuk .
Solomon de Hoop. 

Doelpuntenmakkers
Alle alvetallen skoorden juster en dat hawwe wij noch net faak sriuwe kind dit jier. Ype Tiemersma skoorde twa kear en die dus de beste saken. Sjoch bij senioren foar it totale oersjoch.


Sipke en Eefje
Opfallende ôfwêzige justermiddei-jûn wie de famylje Hiemstra. Sipke en Eefje wiene 25 jier troud en fierden dat justerjûn yn ús Gebou. Ek fan ús de lokwinsken fansels.


De toer fan Easterein
De toer fan Easterein wurdt wol faak ris in relaasje brocht mei it fuotbal. “Nei de toer ta fuotbalje” is in kreet dy’t faak brûkt wurdt om oan te jaan dat SDS dan makliker fuotballet.
Sûnt sneon is dat net sa fansels. It winnende doelpunt foel oan de oare kant. Ek wurde alvetal foto’s en kampioensfoto’s soms makke mei de toer op de eftergrûn. It docht no bliken dat ek oare ploegen, sels út Ljouwert nei Easterein komme foar de alvetal foto mei de toer op de eftergrûn. Anco Elgersma tipte ús oer
dizze foto.