Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
16 oktober 2005
Wepperkes -tiisdei-
18 oktober 2005

Wa makke de earste goal fan SDS 1?
Sneon wie ’t Floris Hiemstra dy ’t de earste goal foar SDS 1 makke dit seizoen. Lolke Bouma wie dus de ienige dy ’t it antwurd goed hie. Of hie Anco Elgersma ek in bytsje gelyk. Dit wie syn antwurd:
ehm…misskien een eigen goal fan BCV troch de enorme druk van SDS kommende sneon???

SDS A1 wint wer
SDS A1 hat nei de winst fan forige wike de smaak te pakken. Ek sneon wûnen sy. No mei 5-0 fan Makkum. Klik hjir om Marco syn ferslach te lêzen.

SDS 3 spilet lyk
SDS 3 spile sneon mei 1-1 lyk tsjin Oeverzwaluwen. Wol terecht? Net terecht? Klik hjir om it ferslach fan Wichard te lêzen.

Meinte Sixma-toernoai
Sneon wurdt der foar de jeugd it Meinte Sixma-toernoai organiseare. It begjint om 13.00 oere.

Noch in útslach
Jaap Zijlstra  hat as koach noch net folle sukses. Hij lit ús witte dat D 3 sneon mei 18-0 om de earen hân hat.
Sy hawwe no 65 tsjin en 1 foar.
Miskien moat Jaap wol wat leuks organiseare, want dat kin punten opleverje hawwe wij sneon sjoen.

Utslach puzzel
Sjouke Sjoukema hat ús de útslach fan de puzzel al trochjûn. It antwurd wie goed. Mail ús jim goeie antwurd en komme jim der net út, nim dan kontakt op mei Sjoukema.

Leuke aksje fan SDS 2
De mannen fan SDS 2 woene sneon ek harren bijdrage leverje foar de Fryske dei. Sij lieten prachticge sjurts meitsje sadat se seker nei ôfrin yn de kantine dúdlik te herkennen binne. Wa’t ek te herkennen is, is Appie Posthumus: hij is wer út it sikenhûs wei.

Fiere gasten
Tafallich of net, aardich wie fansels wol dat Jelle Jan Holwerda en soan alhiel fanút Seelân, sneon ek bij de derby tsjin BCV wiene.

Better let as….
SDS A2 ferlear sneon mei 5-3 fan SC Joure. Forige wike pakten sy noch in puntsje fan LSC. Klik hjir om dat ferslach fan Martijn Rispens te lêzen.

Leuk gebaar
Ek Omrop Fryslân die noch in aardich gebaar. Sy leveren wat pennen ôf om út te partsjen. It waard tige op priis steld.

Foar de pakesizzer
Foar Oelie Eisma koe de dei al net mear stikken. Dizze trou supporter op de Skoalleseize wûn sneon ien fan de troch de Afûk beskiber stelde boeken. Mei “In dei wurk” in Bob de Bouwer boek, kin hij bij syn pakesizzers net mear stikken.

Nei de toer ta
De konklusie dat sunt sneon “nei de toer ta”net foar wat extra’s soarget omdat de winnende goal oan de oare kant foel, giet my wat te hurt. It is fansels wol sa dat de earste goal yn de 1e klasse “nei de toer ta” makke is, fierder is de earste helte nei de toer ta mei 1-0 wun. de twadde helte, nei de oare kant ta, einige yn 1-1. Ek tsjin Oranje Nassau is der nei de toer ta 0-0 spyle en de oare kant ut mei 2-0 ferlern. sa kin ik nog wol efkes trochgean, mar wer it my om giet is dat as jo wat extra’s jaan wolle yn een wedstriid, je de mythe fan “nei de toer ta” natuurlijk altyd bruke kinne. lukt it net, jammer, lukt it wol…., dan kinne je dat een oare wedstriid wer bruke toch.
Groeten, Sipke Hiemstra

Letter jûn mear.