Wepperkes -snein-

Senioren helje net folle punten
1 oktober 2005
Fryske dei wepperkes
2 oktober 2005

Knippe en skeare
Metsje Huitema, ús redaksjelid fan de Treffer begjint op 1 desimber yn de saak fan Buding yn Wommels in kapsalon.
Dat is it nijs dat wij krekt trochkrigen fanôf Skylge wêr’t Anne en Metsje binne.
In namme foar de kapsalon is der noch net, mar Metsje stiet iepen foar leuke ideeen. Dus witte jim in leuke namme mail it Metsje
De kâns dat se it lange hier fan de iene webmaster en it lange burd fan de oare webmaster ûnder hannen nimme mei, achtsje wij net hiel grut.

Utslaggen
Wij misten noch in oantal útslaggen. Bygelyks: hat Durk Okkema mei A-2 syn earste oerwinning helle  (antwurd is nee, A2 ferlear mei 4-2) en hoe gie it mei A1 yn Hearrenfean (reedlik: sy spilen gelyk 2-2) . En binne de mannen fan it 5de al werom út Boalsert mei al wer in oerwinning. (antwurd is ja: sûnder punten, want se ferlearen mei 4-2)

Bûthúsbankje
Oer 14 dagen skalt wierskynlik dat liet út de boksen om it fjild en yn de kantine bij de Fryske dei. No sieten trije generaasjes de Boer op it fuotbalbankje bij SDS. Oebele, Ewoud en Tamme.

Dennis
Hij is no bij te hâlden troch elkenien: Dennis Dijkstra. Mei syn gipspoat skarrele hij wol wat om it fjild hinne. Kommende wike hopet hij ringips te krijen. Wierskynlik is hij dan al wer flugger as ús.

Pupillen fan de wike
Nico Bakker en Doede Rients Okkema wiene sneon de pupillen fan de wike. Sy mochten de skiedsrjochter nei it fjild bringe.

SDS 3 spilet lyk
SDS 3 kaam wat gelokkich mei 2-0 foar tsjin AVC mar spile úteinlik lyk mei 2-2. Hoe dit sa koe kinne jim lêze yn it ferslach fan Wichard. Klik hjir.

Spits yn oplieding
Eddy de Boer sjocht mei arguseagen ta dat Ajax in spits mist. “Dat moat oars”, tocht Eddy, “ik sil sels wol ien opliede moatte”
Eddy hat it talint fûn: He Ke Vin. Ek sneon skoorde hij wer 9 kear yn in wedstryd fan F4 dy’t mei 0-9 wûn waard.

C2 spilet gelyk
In gelyk spul is net altiten nijs. Mar at je mei 0-5 efter steane en je spylje úteinlik noch 5-5, dan is dat wol nijs. SDS C2 krige dit foarelkoar yn de thúswedstryd tsjin Jirnsum C1

Us miening
Wij wiene fansels ek tige hoopfol foar ôfrûne sneon. Tsjin Viboa moast er in oerwinning ynsitte, tochten wij.
Wat wij fan SDS fûnen, hâlde wij foar ús. Wat wij fan Viboa fûnen, jouwe wij graach oan. En wij wolle se ek noch wol in sifer jaan.


SDS F3 wint troch snoepkes

Rood-Geel F6 – SDS F3     0-6

Vanmorgen heel vroeg moesten wij naar Rood-Geel F6 in Leeuwarden. Mem was nog niet eens thuis uit de nachtdienst. We wonnen met 0-6! Door vier van Koen, één van Marten, en één van mij. Ik denk dat we steeds winnen door de snoepjes die we in de pauze van Johan krijgen!

Groeten van Piter van der Pol