Fryske dei wepperkes

Wepperkes -snein-
1 oktober 2005
Wepperkes -moandei-
3 oktober 2005

Fryske twastriid

Yn de earste klasse E sitte mar twa Fryske ploegen: SDS en BCV. Op 15 oktober spylje se tsjinelkoar yn Easterein.
Beide ploegen dogge alle war om wat punten bijelkoar te krijen, want it giet noch net sa geweldich.
Om dizze wedstryd wat sfear te jaan hawwe wij dizze dei útropt ta Fryske dei op de Skoalleseize.
Wat wij fan doel binne en wat wij fan jim ferwachtsje kinne jim hjir ûnder lêze.

Fryske twastriid(2)
Ek SDS 2 spilet op 15 oktober in Fryske derby. Sy spylje dan thús om 12.15 tsjin Heerenveense Boys. Sy binne mei CVVO út de Lemmer de ienige oare Fryske ploegen yn de Reserve-1e-Klasse A.

Frysk damme
Mei de Frysk dammers Stoffel Bouma en Fedde Wiersma yn it doarp kin it fansels net oars of der bart ek wat mei it Frysk damjen. Hoe en wat is noch net dúdlik, mar dat er op de Fryske dei ek Frysk damd wurde kin is klip en klear. Miskien binne der wol wat Burgumers dy’t opnimme wol tsjin wat Eastereinders

Seleksjes
It giet fansels om fuotbal en dêrom ferwachtsje wij fan de trainers fan beide ploegen ek in bijdrage. Wij stelle foar dat yn it earste plak de jonges mei in echte Fryske foarnamme opsteld wurde. 
Op dizze webside kinne jim sjen hokker spilers dat binne bij SDS: Ruurd, Marten, Feite, Tsjipke Klaas, Gert Jan, Harm, Tsjeard en Skelte. Mocht Dirk Yde ree wêze om syn namme wer efkes te feroarjen yn Durk Yde dan kin ek hij opsteld wurde. Mochten der ek oaren wêze yn de seleksje dy’t bûten de boat falle dan kinne dy sels in foarstel dwaan foar in echte fryske namme.

Fryske flagjes

Wy sille besykje yn de kantine en om it fjild hinne in aardige Fryske sfear te meitsjen mei Fryske flaggen en flagjes. Wa’t noch Fryske flagjes lizzen hat, kin him melde bij de kommisje

Klean
Fansels ferwachtsje wij elkenien útdost yn iets wat mei Fryslân te krijen hat. In Fryske sjaal, trui, jas, pet, sokken en klompen. En wa’t him it leukste oanklaaid hat yn de Fryske flaggen kleuren kin rekkenje op in priiske.

Frysk folksliet

Wij hoopje in dweilorkestje te krijen foar de wedstryd om de stimming der wat yn te bringen en om fansels mei in no noch ûnbekinde sjonger in Frysk folksliet te sjongen foar de wedstryd.

Frysk hynder

Wij hawwe der gjin beswier tsjin , nee wij stelle it sels op priis, dat de minsken op in Frysk hynder nei de wedstryd komme.

Fryske stabij

Hûnen binne normaal sprutsen net echt wolkom op de Skoalleseize. Foar in Fryske stabij meitsje wij op dizze dei  graach in útsûndering.

It programmaboekje
Dat is fansels yn it Frysk. Sa as gewoan binne der ek wer priiskes te winnen. Dizze kear net allinne Fryske turfrookte droege woarsten fan Slachter Bouma mar ek in Frysk boek oanbean troch de
Afûk yn Ljouwert.

Draaiend rêd
Nei ôfrin fan de wedstryd draait it rêd ek wer. Ek ek dizze kear mei leuke Fryske prizen.

Muzyk yn de kantine
Fanôf in oere as 5 oere sil Jan Bouke Bouma Fryske muzyk draaie yn de kantine.  CD ’s fan û.o. Duo Ferbean, Gryt Wiersma, Gurbe Douwstra, de Wiko’s en Sebeare sil soargje foar in feestsfear.

Noch mear?
Sa’t jim sjen kinne, hawwe wij al fêst in oantal saken op de rige setten. Wij binne noch dwaande mei wat oare dingen. It is fansels wol sa dat dit allinne mar slagje kin at elkenien mei docht. Dus sis it fierder en rop elkenien op om mei te dwaan. Wij hoopje dat ek jeugdlieders hjir wat mei dwaan wolle. En it jildt fansels net allinne middeis mar ek moarns.
Hawwe jim noch ideeen , meld se bij
Immie, Dukke of Aant.