Evenementen in november 2022

Utslaggen 1 oktober
1 oktober 2005
Wepperkes -snein-
1 oktober 2005

SDS 1 – Viboa 1
De wedstryd fan de wierheid. De wedstryd om 3 punten te pakken. De wedstryd om in kear te skoaren. It waard him net. Nei in reedlik earste kwartier die al wer bliken dat ek Viboa makliker kombinearde. It doelpunt foel neidat Remco Brouwer te let wie mei útrinnen en de bal fia de latte dochs noch yn it doel wurke waard. SDS wie oanslein. It waard yn de twadde helte noch 0-2 en 0-3. It wie oan dyselde Remco Brouwer te tankjen dat it net in beskamsume grutte nederlaach waard want hij hie geweldige reddingen.

SDS 2 – HZVV 2
In prima doelpunt yn de earste helte fan Willem Wijnia joech hoop. HZVV kaam noch foar de thee gelyk. Mei inkele fikse oertredingen moast de tsjinpartij meinamme Arjan Posthumus ôfstopje. Dat levere úteinlik in reade kaart op foar in HZVV-er. Twa iepen kânsen waarden foar doel  mist troch Stefan van Krimpen en Pieter Kamstra.  De rekken kwam krekt foar tiid. HZVV skoarde.

ACV 2 – SDS 3
Mei ien punt wie SDS aardich tefreden neffens ús korrespondint. Doelpunten wiene der fan Gerlof Veldstra en Wichard Deinum. Einstân 2-2.

Bolswardia 4 – SDS 5
Gjin punten foar SDS 5 yn dizze lette útwedstryd. 4-2 wie de einstân en de doelpunten makkers witte wij noch net.