Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
10 september 2005
Wepperkes -moandei-
12 september 2005

Kantine
Fanôf hjoed is de computer yn de kantine ek te berikken per e-mail. Dit is it adres: sds.kantine@planet.nl

Ferslach fan F3
Wij hawwe mei de lieder fan F3 ôfpraten dat de jonges om bar in lyts stikje skriuwe. Hjir de bijdrage fan Inne Heerma, dy’t mei syn maten sneon in wedstryd spilen tsjin Jv Bolsward.


Ik fun it hiel leuk dat we de wedstriid wûn hawwe. We wienen in goed team.
It wie in hiel spannende wedstriid. Yn de earste helt hie Koen in doelpunt makke. Dernei krigen we drinken. Yn de twadde helt krigen de tsjinstanders al snel een doelpunt. Hast oan it ein fan de wedstriid scoorde ik noch in goal en dat fun ik fet cool.
Inne Heerma

Wiksel
Meinte Wesselius siet as heit fan Sybren bij A1 te sjen. Bij it sjen fan it spul kamen bij him âlde herinnerings op. Hij fertelde dat hij ek op it middenfjild fuotballe en de fraach wie op lêst  wa’t no better wie: Meinte of Sybren.
Krekt foar tiid waard Sybren om taktyske redenen wiksele.
“Sjoch Meinte, Sybren krijt in publykswiksel”, dat hasto fêst noch nea hân” waard er oan de kant sein.
En dêrmei hiene wij gelyk in antwurd op de fraach.

Net Niels of Nies
 
Sneontemoarn komt er in jonkje op ús ôfstappen: “Ik hjit fan Nies en net Niels, it stiet yn de kompjoeter ferkeard”.
Wy hawwe it bij E3 feroare. 
De mannen fan Douwe Reitsma en Rudy Hobbenschot binne ek op de groepsfoto kommen. Sjoch bij junioren

Hier
Ek D1 is op de foto kommen. Doe’t Marcus Brinksma(?) hearde dat hij op de foto moast, wie der panyk yn syn eagen te sjen:” mar myn hier sit net moai,” sei hy.
Fluch beret dûkt hij op knibbels en strykt mei de holle troch it gers, fielt noch efkes mei de hân en nimt tefreden syn plak yn bij de oaren. No mar hoopje dat it resultaat goed is. Sjoch bij junioren

Fryske dei
Op 15 oktober moat SDS 1 spylje tsjin BCV 1. Dat is de earste fan de twa Fryske wedstriden dy’t yn dizze klasse spile wurdt. Der binne wat ideeen om dy dei op de Skoalleseize wat in fryske sfear te meitsjen.
Je kinne tinke oan: fryske flaggen, petten, klompen, truien, sokken ensf.
Ek fryske muzyk, frysk bier, frysk folksliet kinne dêryn in rol spylje.
Wij freegje binne der minsken dy’t dêr oer meitinke en meiwurkje wolle en mooglik binne der noch mear leuke ideeen.
Wat fine jim hjir fan? Mail in reaksje nei: de redaksje.

Nije sokken
By SDS 2 wie der mar ien mei nije SDS-sokken. Dat de tsjinstanner hjir aardich fan ûnder de indruk wie mocht dúdlik wêze. Pieter Kamstra hie as ienige nije sokken en makke ek de ienige goal. Dat dy nije sokken gjin garansje op sukses binne kinne jim sjen by SDS 1 dy ’t allegear nije sokken hienen.

Nije boerdsponsors
Der binne foarige wike wer 2 nije boerdsponsors by kommen. Dit binne se:





Nijs?
Mail nei
info@vv-sds.nl!!