Wepperkes -sneon-

Utslaggen 10 septimber
10 september 2005
Wepperkes -snein-
11 september 2005

Doelpuntenmakkers
Ek dit seizoen hâlde wij fan de kompetsyjewedstriden fan de senioren wer in doelpuntenklassemint bij.
Op dit earste dei is der 10 kear skoord.
Bij SDS 2: Pieter Kamstra
Bij SDS3 : Harm Auke Dijkstra
Bij SDS 4: Douwe Kool
Bij SDS 5: Willem V. 2x, Jehannes D.2x, Rudy, Gearard en
Tiemen Vermeulen.

Sokken yn de ferkeap
De nije sokken binne der koene wij melde. Hjoed wie de ferkeap yn de hal fan de kantine
. Neist sokken wiene der ek noch kaarten en tulpebollen te keap.
Op de foto keapet Johan de Graaf foar soan Marco bij Tineke Vink.

F4 begjint goed.
Wat is der moaier as at je krekt op fuotbal sitte en gelyk winne. De spilers fan F4 belibben dat hjoed. Mar leafst 12-5 waard it tsjin Arum F2. “Grutte man”fan dizze ploech wie doelpuntenmakker He Ke Vin (it jongeste lid fan de Happy Family yn Wommels). Hij skoorde mar leafst10 kear.

SDS D3  hie it dreech
SDS D3 moast oantrede tsjin Makkum D1. It die bliken dat dat ferskil wol hiel grut wie. 0-20 yn twa kear 30 minuten is wol in hiele protte.

SDS E4 wint dik

Hoi meneer de webmaster, 
Utslag E4  
Workum E3 -S.D.S E4     0 -11.
 
Groetjes Marco W.

SDS 1 ferliest krekt
De drege wedstryd tsjin Staphorst einige mei krekt ferlies. It is 1-0 wurden. Dat betsjut dat de taktyk sa’t dy foar de wedstryd besprutsen wie, reedlik goed útpakt is.

F3 wint nei spannende wedstryd
2-1 stie der nei 2 kear 20 minuten op it skoreboerd, nei in tige spannende en enerfearende wedstryd mei tige meilibjende âlders.
Tefredenheid wie der, fandêr dat bij it fotonimmen de hannen spontaan yn de loft bleaunen bij lieders en spilers.
Sjoch bij junioren F3 foar de fleur dy’t er ôfstraalt sa as bij harren lieder Johan Heerma
 

Mear alvetalfoto’s
Undanks de rein binne der sneontemoarn noch mear alvetalfoto’s makke. De kommende dagen wurde ek dy pleatst op dizze side. Sa binne F4, E2, E3, F3, D 2 en D3 en op de foto kaam.