Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
23 juli 2005
Wepperkes -moandei-
25 juli 2005

Dielnimmers op PC
Sûnt sneon is bekind hokker partoeren meidogge oan de PC. Sa as ferwachte sit Jacob Klaas yn ien fan de partoeren. Tegearre mei Gerrit Flisijn en Jehannes Dijkstra sil hy besykje dat it feest wurdt yn de SDS gelederen

Ek âld Wommelser Mannus van Weert tsjintwurdich út

Burgum docht mei. Wy fregen ús ôf at Mannus yn it skiere ferline ek fuotballe by SDS of dat hy doe de sneons al fulde mei “appels, pearen, pruimen en bananen”. Wa’t it wit kin it ús maile. Miskien kinne jim ek noch wat sizze oer wat fan fuotballer it wie. (info@vv-sds.nl)

Deroan
Om goed ien oere wiene der al moai wat SDS-ers fan de list ôf yn Dronryp. Allinne Dirk Yde Sjaarda en Erik Haitsma wiene al yn de tredde omloop. Sy wûnen twa kear mei skjinne 5 earsten.
Helaas rekke it partoer Sjaarda, Haitsma en Altenburg der foar de prizen ôf.

Jild
Fuotbal draait om jild. De spilers fan Vitesse witte der alles fan doe’t se
Nuon noch as jildsjitter hiene.

Tillefysjesjen (1)
Je kinne it je hast net foarstelle dat je tsjintwurdich tillefysje sjogge. Oke, foar it skûtsjesilen en it oare Fryske (komkommer) nijs geane wy soms noch efkes sitten. Is it komkommergehalte te heech, dan kinne je altiten teletekst noch efkes trochnimme. Op side 393 efter Omrop Fryslân is tydlik in side oer de Freule.

Tillefysjesjen (2)
Gjin tillefysjesjen komt fansels ek omdat der net folle fuotbal is. Allinne Eurosport sit no wierskynlik yn 1992 mei de herhellingen.
Gjin fuotbal betsjut ek wat mear tijd foar
“romantyk’.

Thústrainer
Foar sommigen is it mar better dat it fuotbalseizoen wer begjint, want thús op sa ’n “thústrainer” drafe is ek neat(klik hjir).


Hawwe jim noch in berjocht ? mail it ús, wy meitsje der nijs fan.
info@vv-sds.nl