Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
23 juli 2005
Programma SDS 1 is bekend.
26 juli 2005

Warming-up
Der binne ferskeidene mienings oer it rekken foar in fuotbalwedstriid. Moat der statisch rekt wurde of just dynamisch? Klik
hjir foar de miening fan in fysiotherapeut fan de KNVB.

Dizze warming-up liket ús wol wat………

Kompetysje-yndielings
As it goed is dan kinne wy dizze wike alle kompetysje-yndielings bekend meitsje. In diel fan de webside fan de KNVB leit der op it heden út dus wy hawwe goeie hoop dat sy der mei oan ‘e gong binne.

Baltsje heechhâlde
Sa no en dan efkes yn de tún in baltsje heechhâlde is wol aardich. De frou is der net sa wiis mei dat ik dit ek wolris yn ‘e hûs doch(klik hjir).

Gretich
Ferline om dizze tiid wie de seleksje fan SDS 1 al oan de gong. Dat wie wol wat betiid (fûnen de spilers). No kinne se hast net wachtsje. At je in slach troch Wommels geane dan komme je altiten wol ien tsjin: Mark dy’t draaft, Kees dy’t draaft, Willem dy’t net draaft ensf.
Tagelyk binne se ek al wer mei de bal dwaande. Op it fuotbalfjild, wie der moandei sels in echte oefenwedstryd belein tsjin jong Cambuur of te wol Erik Haitsma

Karmasters
De lette simmerfakansje yn it Noarden hat ek ta gefolch dat in protte fêste karmasters net op de Freule wêze kinne. Wa’t nocht hat om in pear oerkes op in bal en in line te letten kan hjir mear ynformaasje krije.

Sponsorgroep
De krekt oprjochte sponsorgroep hat de lêste wiken flink aktyf west. Elk lid fan de groep sil nije wike de resultaten yn harren gearkomst fertelle. Ynkoarten hawwe wy wierskynlik in hiele lange list fan sponsers.

De “sponsorgroep” fan SDS bestiet út:
Enne
         Club van 50
                Shirtsponsering
Ype           Reclameborden
Rinse         Administratie en
                 Reclameborden
Anne en     Wedstrijdsponsoren
Wichard     Advertenties treffer en website.

Nij kantoar
By it gemeentehûs yn Snits wurdt de boel wakker fertimmere.  Men giet it kantoar oanpassen neffens de nije noarmen dy’t t foar amtenaren jilde moatte. Noch wol nei bûten sjen, mar wylst troch wurkje. It idee komt út Bokvoordt, wêr’t hjoed (25 july) it nije kantoar iepene is.