Wepperkes -snein-

SDS 4 slut seizoen ôf
11 juni 2005
Wepperkes -moandei-
13 juni 2005

De Bootsma’s of de Wijnia’s
It gie der snein yn Wommels om. Soene de Wijnia’s of de Bootsma’s de priis winne by it famyljekeatsen. Sjoch
hjir foar de útslach.

It spyt my
Dirk Yde Sjaarda is binnenkoart ien fan de kandidaten yn it programma “het spijt me”as dat er noch is. Want hy skriuwt:
Sorry Aant, ik hie belooft om foar ofrune woansdei myn stikje yn te leverjen. Helaas hie ik ofrune wike net genoch tiid om it of te meitsjen. Mar moarn komt er echt!! Moarn leit myn ferslach oer Skotlan – Moldavie by dy yn it postfakje.
Excuses foar de fertraging.
Groetnis Dirk-Yde

SDS sneuvelt tsjin Wolvegea
Op it midsimmertoernooi yn Dronryp is SDS de poule wedstriden goed troch kommen mar moast belies jaan by de lêste 16 tsjin Wolvegea.
Yn de poule waard twa wedstriden wûn (Workum en Herauten) en waard ferlern fan Drachtster Boys.
Uteinlike winner waard Sneek snein. Waard in ferslachje hat, kin dit maile nei info@vv-sds.nl. Op de webside fan VV Dronryp, wêr as de Midsimmercup wat romte krigen hat, stiet noch gjin nijs(sjoch hjir).

Tom yn de boks
Je kin it je net foarstelle dat Tom him noch yn de boks sette lit. Dochs hawwe pake Popko en beppe Anna-Marie dat wol foar elkoar krigen. Tom sit yn syn eigen skyboks te sjen nei de loft at it fleantúch út Griekenlân der al oan komt.


Famylje keatse
Yn Wommels is hjoed famylje keatsen. Grutte favoriten binne de Bootsma’s (Bertus, Jannie en Egbert) Ek de Wijnia’s (Jappie, Tsjomme en Sippie) lykje goeie kânsen te hawwen om mei te dwaan om de prizen yn de A-klasse.


Nijs? mail it nei
aanthofstra@planet.nl