Wepperkes -snein-

Sneintemoarnwepperkes
15 mei 2005
SDS1 supporters
16 mei 2005

1ste klas kenner fan de twadde klasse
Under dy titel daagden wy elkenien út om foar te sizzen hoe’t it ôfrinne soe yn dizze klasse. In lytse 40 minsken diene mei en woene dat SDS horloazje graag winne. Dat it in drege fraach wie die dus wol bliken. Net ien ynstjoerder hie it goed. Skuldige dêroan wie foaral de prestaasje fan Nijland (of moatte wy sizze de skeids dy’t yn de 86 ste minút in strafskop joech oan Hurdegaryp. Sy moatte stride om neikompetsyje.

Doelpunten
De skore is wer bywurke. De stân is te finen by de rubryk senioren. Gearard Posthumus liket wat út foarm.

Klaas Clarence Molenmaker
Ek by de rubryk senioren stiet it klassemint fan strafskopmissers. Sûnt ferline wike stiet ek Klaas Molenmaker der yn.

Utslaggen sneon
Jim moatte it ús mar net kwea ôf nimme, mar de útslaggen fan sneon binne net allegear by ús bekind. Meastentiids fleane wy der sels efteroan, mar dizze kear fleagen wy mear efter it earste oan. Mochten der noch guon in utslach witte dan kinne wy dat altiten noch fermelde

SDS 2
De mannen fan Klaas Okkema litte harren beste prestaasjes dit jier sjen yn de beker. Yn de kompetsyje kaam it der nochal op oan de lêste wiken. Sûnt juster is dúdlik dat se “safe” binne. In goeie prestaasje neidat se ferline jier promofeard wiene. Sneon ferlearen se wol fan Olde Veste mei 6-1. Doelpunt Oebele Veste.

SDS 3
Dit jier moate it barre. SDS 3 wol perfoarst in klasse omheech. Sneon wûnen de mannen fan Wouter Hylkema yn Mulier mei 0-1 troch in doelpunt fan Anco Elgersma. Mei noch ien wedstryd te gean kin it kampioenskip binnenhelle wurde troch ien punt te pakken tsjin Rood Geel. Dizze wedstriid is kommende sneon. As it treft hawwe wy dan dus wer in feesje.

SDS 4
Sy hiene it dreech tsjin Bitgum. It skorend fermogen wie net grut. In eigen doelpunt fan de Bitgummers soarge der foar dat er  1-0 op it boerd kaam. It waard úteinlik 1-1.

SDS 5
De prestaasje binne nei de winterstop net geweldich. Ek no waard ferlern en wol mei 6-1 fan Balk. Bas de Haan skoorde.

SDS en SJS
Mei in skean each hawwe wy fansels ek al efkes sjoen nei de oare debutant yn de earste klasse. It dochs bliken dat de SS it goed docht. Want SDS en SJS binne de twa nijkommers. Dizze lêste ploech komt út Stadskanaal. SDS tsjin SJS in soarte mei NAC NEC

Foto’s fan sneon
Wy hawwe fan sneon in protte foto’s binne krigen fan Meinte fan Henk Bootsma en fan ús sels. Foto’s pleatse kost in protte tiid en omdat wy hjoed “neigenietsje” woene fan it feest en moarn it keatsen besykje wolle yn Frjentsjer sizze wy ta dat er dizze wike noch meardere byld reportaazje makke wurde.
It sil elkenien wol dúdlik wêze moatte dat net alle 150 oant 200 foto’s op de side ferskine kinne. Mooglik dat wy se op in cd sette en dy beskikber stelle oan de seleksje fan SDS 1. Op de webside fan ONT(www.vvont.nl) kinne jimme al wat foto’s fine.

Hawwe jim noch wat te melden, (bygelyks hoe is it waar yn Skotlân) dan heare wy it graach. Mail it nei info@vv-sds.nl.