Keninginne-wepperkes
29 april 2005Wepperkes -moandei-
2 mei 2005E4 ferliest
Tongersdeitejûn hat E4 de útwedstryd tsjin YVC E3 mei 4-2 ferlern. Hie der noch in teoretyske kâns west op it kampioenskip yn dizze klasse, dan is dy no foarby.
!ste klas kenner fan de twadde klasse K
Ien fan de dielnimmers oan ús poule, Andre Pranger, lit ús witte dat hy yn Damwâlde wennet mar by Buitenpost heart. (ek in moaie klup). Soks bart wol mear dat men bygelyks yn Wommels wennet mar yn (ik nim sa mar wat) yn Nijlân fuotbalje. Sjoch hjir foar de komplete list
Fuotbal moat wike foar it keatsen
Op 21 maaie is der noch in kompleet fuotbal programma foar de jeugd. 8 thúswedstriden steane der pland. Omdat er op dizze dei in KNKB keats wedstryd is yn Easterein, kin der dy dei net fuotballe wurde. De plannen binne om al dy wedstriden op de dagen dêrfoar op jûn te spyljen.
Jong Heerenveen- jong Ajax
Op 2 maaie wurdt dizze wedstryd spile en der sille 80 jeugdleden mei lieders fan SDS hinne as supporter fan Heerenveen meie wy hope.
Europatoernooi
Freed 13 maaie begjint it tige bekinde jeugdtoernooi yn it noarden mei in protte ynternasjonale ploegen. Ek yn it Abe Lenstrastadion wurdt fuotballe en ek dêr geane 20 SDS-ers nei ta.
Blommen
Tamme de Boer is de fêste flagger fan futsal SDS 1 by thúswedstriden . Dat wurdt troch de ploech tige op priis steld.
As tank krige hy in blomke foar de frou mei, want dy moat him dy jûnen misse op de bank.
Fotosoep
Op vi.nl krije je de gelegenheid om oer bepaalde fuotballers leuke foto te meitsjen. Dizze kear Jaap Stam.
Utgeanstip
No’t Wommels hieltyd makliker per boat te berikken is en dêrmei hieltyd mear in wettersportdoarp wurdt, is it hast ek tiid om it wettersportseizoen goed te iepenjen. Yn Bokvoordt dogge se dat hjoed op 1 maaie ek.
Clarence sluierklassemint (1)
Wy hawwe binne SDS it klassemint foar fuotballers dy’t penalties misse. Sûnt wy dat ynfierd hawwe, is it oantal miste strafskoppen flink daald. Wy jouwe in tip oan Easterlittens om dit ek te dwaan, want de kâns dat Egbert Bootsma dan wer in strafskop mist is dan net mear oanwêzich, tinke wy. Want om der sa yn in sluier fan mist by te stean is net leuk. (mei tank oan ús tipjouwer Wichard, dy’t skriuwt: hy moat se net nimme, hy moat se keare!)
Clarence sluierklassemint (2)
Wy achtsje de kâns grut dat Wichard Deinum takem jier ek yn it klassemint komt te stean. Hy hat oankundige dat syn doel is om topskoorder fan SDS te wurden troch in protte doelpunten by SDS 3 te meitsjen. Dan moatte je de strafskoppen opeaskje, oars wurdt it in grutte toer.
Clarence sluierklassemint (3)
No’t it klassemint net echt aktueel is, omdat penalties gewoan benut wurde, binne wy it argyf yndûkt. Fan Henk Hoekstra, de eardere tovenaar fan Hubert Snits (sneons) krigen wy noch wat wedstrydferslaggen dy’t wy de kommende tiid opnimme sille yn ús digitale archyf. No mei it each op ús klassemint mar efkes in foarpriuwke. Meiweromwurkjende krêft wurdt dizze trainer fan SDS 2 opnommen yn it klassemint. Sjoch hjir