Keninginne-wepperkes

Wepperkes -freed-
29 april 2005
Wepperkes -snein-
30 april 2005

Futsallers bliuwe 1ste klassers
SDS 1 futsal hat freedtejûn in tige wichtige oerwinning helle tsjin FCL út Ljouwert. Troch in 7-4 oerwinning is it no wis dat ek takem jier wer yn de earste klasse spile wurdt. Twa tribune banken fol publyk seach it folgende:
1-0 Robert
2-0 Anne
2-1 Hassan
3-1 Feite
4-1 Harm
5-2 Sjahir
6-2 Robert
7-2 Feite
7-3 Babagida
7-4 Gurbe
Anne Maradona Stenekes krige krekt foar tiid in giele kaart fanwege…. Ja krekt hands.

Willem Overal nimt ôfskie
It wie juster jûn de lêste wedstriid fan Willem Overal  as lieder fan SDS 1. Fanôf it begjin wie Willem Overal lieder fan dizze ploech.

Foar de wedstryd nimt Willem syn fanmail noch efkes troch.


Ek yn de lêste wedstryd siet Willem wer yn syn karakteristike holding op de bank

Net fan in frjemd
Sa’t jim witte is Willem Wijnia ien fan ús fuotbalprofessoren. Ofrûne freed moast hy fuotbalje Tsjin FCL. Soan Tom kaam ek efkes sjen mei Pake P. en wylst hy him noflik deljoech op de skurte seach hy efkes it fjild yn wêr’t syn heit oan it baljen wie.
“Babagida, Babagida”, sei hy ynienen. Net dat hy Willem bedoelde mar ien fan de donkere spilers fan de tsjinstanner dy’t wol in protte hie fan dizze eardere prof.

De twadde helt seach Tom fanefter it glês yn de kantine


Tamme de Boer wie al fêst oan it oefenjen foar kenijinnedei. Hy flagge de hiele jûn strak. Dochs slagge it ús net om him mei de flagge omheech op de foto te krijen.

Celtic-fan sjocht it wol sitten my SDS
De Skotse Eastereinder Dirk Yde Sjaarda sjocht SDS kampioen wurden ûndanks it feit dat hy net mei docht.
Sa te sjen hat er syn SDS sjurtsje mei nr 10 ek ynwiksele foar wierskynlik in sjurt mei nr 12 (it legioen)fan Celtic. Sjoch foar alle fensfan by SDS supporters.

ONT-er sjocht QVC kampioen wurden, de Haitsma’s SDS
Noch altiten komme der ynstjoeringen binnen mei foarsizzingen. Otto Kooi fan ONT hâldt it dochs mar op QVC. De bruorren Haitsma binne it dizze kear folsein iens.
Noch altiten kinne jim ús maile.
info@vv-sds.nl
Sjoch hjir foar de
komplete list

Wêr komt ONT wei?
Fedde Wiersma bestjoerslid fan de Skoalleseize, de stifting dy’t giet oer de sport fjilden yn Easterein, makke tongersdei in opmerking by it stikje oer de stroom, dat net hielendal yn goeie ierde fallen is yn de Pein, Nijegea en de Tike. De opmerking “se binne mear dwaande mei stroom as fuotbal” hâldt men dêr fêst oant 14 maaie ta. Tagelyk sit men der oer yn at SDS wol op tiid komt omdat Fedde it hat oer Oudega yn stee fan  Opeinde.
Wy sille foar ús supporter rom foar 14 maaie in kaartsje pleatse wêr se wêze moatte. Sjoch hjir foar
harren reaksje.


Opereare
Woansdei is Durk Okkema op ‘e nij opereare oan syn knibbel. Der is in lyts stikje fan de meniscus weinommen. Hooplik is Durk no fan de ellende ôf en kin hy wer ris lekker fuotbalje. Durk sil noch efkes mei krukken rinne moatte, mar sûnder rêdt hy him ek al knap. Betterskip!

Nije sponsor?
SDS 2 hat allicht in nije sponsor foar de trainingspakken. Sy binne op dit momint drok oan ’t ûnderhanneljen. Wy kinne op dit stuit noch gjin meidielings dwaan oer de namme fan nije sponsor. Allicht dat dit folgende wike al kin.

Letter mear!