Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
30 april 2005
Wa wurdt 1e klas kenner fan 2e klasse K?
3 mei 2005

Net keatse
Jacob-Klaas Haitsma lit ús witte dat hy sneon gewoan fuotbalje kin mei SDS 1 tsjin QVC. De TC hat it foar 1x goed keurd dat hy fuotbaljen giet.

Nij moannerekord!!
Wy hawwe noch noait safolle hits hân op ús webside as yn de ôfrûne moanne. Wy kamen op 14385!!. Op nei de 15.000!!!

Omrop Fryslân
Foar Omrop Fryslân komt sneon Minne Hovenga nei de wedstriid SDS 1 – QVC 1.

Sjouke Walinga giet foar it horloazje
Yn de striid om de titel ” 1ste klas kenner fan de twadde klasse K ” lit ús kollega fan de redaksje fan ONT witte dat hy ONT kampioen wurden sjocht nei in beslissingswedstryd tsjin SDS. Hy hat dêrfoar it totoformulier  fan de kommende 2 wiken ynfuld.

En komt dan ta in bepaalde stân.


Wa’t it allegear oars sjocht kin noch altiten in foarsizzing ynstjoere. Jouw oan wa’t kampioen wurdt, wa’t mei docht oan de neikompetsyje ûnderoan en boppeoan en lit ús witte wa’t degradeard. Sjoch foar wat tips nei bygeande komplete list. Maile kin nei info@vv-sds.nl

11 stêden
Tiisdei begjint de alvestêdenrintocht. Yn 5 dagen lâns doarp en stêd toffelje. Ien fan de dielnimmers is ús bekinde supporter út Mantgum en heit fan Skelte, Oebele Anema. Hy sil besykje dizze tocht foar sneontemiddei 14.30 oere te folbringen want dan wol hy de topper SDS-QVC sjen. Wy sette al fêst in stoel foar him klear.

Programma dizze wike
By agenda kinne jim it programma fan dizze wike sjen. Tiisdei giet B1 los yn Gerdyk en tongersdei moat SDS 2, SDS 4 en SDS C1 fuotbalje. Allegear út.

Letter mear!