Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
16 april 2005
Wepperkes -moandei-
18 april 2005

Gjin trainen
Om ’t SDS 2 tiisdeitejûn bekerje moat tsjin ’t Fean ’58 2 is der gjin trainen foar de B-seleksje. Tongersdeitejûn is der wol wer gewoan trainen. De B-seleksje traint dan om 19.30 oere yn Easterein.

In soan
Robert Hoekstra en Robert Sijbesma wiene hjoed tige opluchten. Wie it net sa dat dizze twa eardere Freulewinners der ferline jier tidens it jubileum noch al oer ynsieten dat harren maat Gert Jan wol in soan krije soe, om tegearre mei harren soannen (???) de Freule te winnen yn 2000safolle?
Sy hoege der net mear oer yn te sitten want Gert Jan en Hesther Hiemstra hawwe in soan: Niels, broerke fan Marrit.
De hertlike lokwinsken

Foto’s
Us fotograaf hat sneon ek efkes yn de Walden sjoen. It waard him betiden read foar de eagen: reade sjurtsjes en in protte reade jassen. Sjoch hjir foar de
Foto’s

Doelpunten
By de senioren waard 9 kear skoord. Topskoorder Gearard Posthumus stie droech. De subtop net. Ek Gerrit Terpstra liet sjen dat er yn Drinte skore kin. Sjoch by senioren.

Kuenstgers
SDS 2 moast juster op kuenstgers tsjin De Weide fuotbalje. It kuenstgers fan hjoed de dei is, neffens de minsken dy ’t der ferstân fan hawwe, hast itselde as gewoan gers.

Je kinne der dus gerust in sliding op dwaan……………..

En je skuon bliuwe heel……………..
Der binne juster 3 skuon sneuvele yn Hoogeveen, wêrfan 2 fan Stefan van Krimpen.

SDS E4 docht mei om de titel
Neffens inkelde SDS’ers makket SDS E4 in goeie kans om kampioen te wurden. Sneon wûnen sy mei 6-2 fan Workum E3 en steane op it 2e plak. TOP’63 is de grutte konkurrint foar de titel. De geruchten geane dat Robbert Gorter hjir mei dispensaasje by spilet.
Foar de ferslagen fan Johan de Graaf klik hjir.

Bekerprogramma SDS B1
Tiisdeitejûn bekert SDS B1 thús tsjin DIO Oosterwolde. Sy steane no yn de kwartfinale. Klik hjir foar it hiele bekerprogramma.

Skate
Sa is it best aardich om de hûn efkes út te litten(klik hjir).

Mear wepperkes
Hawwe jim noch wat, mail it ús:
info@vv-sds.nl.