Wepperkes -snein-

SDS1 koprinner
9 april 2005
It brûken fan de klaaiboksen yn Wommels!
10 april 2005

Sneintemoarn
Tusken 11 en 12 oere sportprogramma by Geert. Omrop Fryslân. Gast û.o. Lyckle Bleekveld.

Webside Zeerobben
Op de webside fan Zeerobben kinne jimme foto’s besjen fan de wedstriid Zeerobben 1 tsjin SDS 1 fan juster. Sjoch op www.zeerobben.nl.

Yngrave
Yngrave foar eigen doel is in handeling dy’t wy graach net sjogge op de fjilden fan de Skoalleseize. Mar soms is der gjin oare mooglikheid. Dat graaft it hiele bestjoer en tal fan frijwilligers sich yn. Om in goeie stroomfersjenning te hawwen foar de kommende jierren wie dizze ynset (geweldich mannen) nedich.
Soms is der wol efkes oerlis nedich….


Healwei de moarn koe de kabel (it like wol in bierlieding) syn plak krije yn de grûn. Klaas Visser dy’t krekt mei E4 wûn, liet him foarljochtsje.

Net let
Dirk de Jong hie der nocht oan. Lekker yn in ramt fan syn herstelperiode efkes fluitsje by de F-kes. Om kertier foar njoggenen stie hy al klear. Spitich foar him dat F1 om 10 oere moast. Hy hat him net ferfeeld dat oerke.

Dirk seach F3 winnen mei 3-1 fan LSC.

Jan Peter Stekelenburg
Om 10 oere moast F1 ek fuotbalje. Op it doel stiet Jan Peter Bootsma. Selden hat in F-ke sa’n útstrieling as keeper. Hy hat dat net fan in frjemd. Syn heit kin ek in aardich poepke keepe. It sjurtsje mei de namme fan Stekelenburg seit genôch.


De taal
Op de Skoalleseize besykje se ek sa Frysk mooglik te wêzen. Derom stiet er ek oanjûn “Boks”yn stee fan “box”.
Jeugd fan oare klups sjogge dat allegear oars. Wy hearden se sizze: “Ze kunnen hier nied eens goet nederlans schreiven” Dat klopt yndie: dêr hawwe wy noch al wat muoite mei.

In doelpunt of in assist?
At je op sneontemiddei de balâns opmeitsje fan de doelpunten dan komme je altiten aardige dingen tsjin. B1 hie wûn mei 9-0 en dan witte wy dat it dreech wurdt om de doelpuntenmakkers te efterheljen. Mar efkes by Sybren Wesselius, Douwe de Boer en Ralph Wariman oanskowe. “Trije assisten” seit Sybren, “en ast dat fermeldst wit ik de doelpuntenmakkers ek wol.”
hspace=0 Sybren Wesselius
 Douwe de Boer
Doelpunten: Jelmer (4), Redmar(3) , Feiko en Douwe de Boer (syn earste doelpunt sûnt jierren en hy wie mar wat grutsk)
Assisten: Sybren (3), Jildert (2), Jelmer, Ralph, Redmar en Feiko.

B2 wint ek
Der binne jonges dy’t mei B1 en B2 meidogge. Twa dêrfan wiene …. Sybren Wesselius en Jildert Hylkema. B2 wûn en Sybren en Jildert skoorden beide in kear. Dat diene ek Simon Kooistra (2) en Jelmer van der Valk 
hspace=0 Simon Kooistra

A1 wint ek 
Troch doelpunten fan Arjan Posthumus en Tiemen Vermeulen wist A1 te winnen fan Dronryp A1. Einstân wie 2-1
hspace=0 Arjan Posthumus

“Handstand” of koprol
De ôfrûne wiken skreaunen wy oer it sjurtsje útlûken nei it meitsjen fan in doelpunt. It wie krekt of hiene wy in foargefoel. Dêrom hiene wy ek frege om in “handstand” of koprol (foar feteranen) te dwaan. 
Spitich dat Gert Jan Hiemstra net faak genôch op dizze side sjocht want hy luts him neat oan fan ús warskôging. Nei syn winnende doelpunt luts hy it sjurt út, en rûn dus neist in protte kjeld ek in giele print op.
Wy binne benijd at er juster ek handstanden útfierd binne, want der is aardich skoord. Mail it ús.

Poorte
Ronny Wagenaar kaam by SDS 3 yn de twadde helte allinne op de keeper fan Zeerobben ôf en like te skoren. Hy hie allinne wat tefolle tiid om nei te tinken hoe ’t hy de bal yn ‘e goal skoppe soe. “As ik dy bal nou tusken de benen fan dy keeper speel dan sit dy geheid”, tocht Ronny. Jammer genôch foar Ronny krige de keeper de bal krekt op de hakke en gie de bal nêst. De folgende kear mar wer gewoan tusken de pealen rjochtsje ynstee fan de twa fuotten.
 
 Ronny

Goeie dei
Jeroen Wagenaar hie in goeie dei by SDS 3 . Hy hie sawol de assist op de goal fan Jappie, Pieter as fan ien fan de 2 goals fan Willem.


Sebeare mei opset sin fergetten
Nei de wedstriid fan SDS 3 kaam Gerlof Veldstra der achter dat hy syn handdoek ferjitten wie. Hy like hjir thús al rekken mei hâlden te hawwen want hy hie 3(!?) T-shirts mei om him mei ôf te droegjen.

Letter hjoed mear?!

Hawwe jim noch nijs, mail it ús. info@vv-sds.nl