SDS1 koprinner

Utslaggen 9-4-2005
9 april 2005
Wepperkes -snein-
9 april 2005

SDS 1 hat de goeie foarm wer te pakken. Nei de dramatyske wedstriden tsjin Nijlân en WPB, de matige wedstryd tsjin BlauwWit, de goeie wedstryd tsjin ONT, moast SDS it opnimme tsjin Zeerobben. De ploech dy’t mei in protte muoite nei de top 4 oprukt wie, it foardiel fan it eigen kuenstgersfjild hie en de ploech dy’t yn Easterein by de thúswedstryd seker net minder wie.
Mar SDS is hielendal werom. Mei nocht en wille witte se no wol druk te setten op in tsjinstanner en dan witte je dat der seker kansen komme. Yn Harns waard er 2 kear skoord. In foto ferslach:

Klaas Dijkstra hellet herinneringen op mei Loet Boot de trainer fan Zeerobben. Klaas gie healwei de wedstryd nei hûs, omdat hy wat wypwapsk wie.


Kees en Floris hiene it efter goed foarelkoar…

Hjir kin de doelman fan Zeerobben noch rêding bringe

En wer wurdt it gjin doelpunt foar SDS

Mar nei 16 minuten  waard it 0-1 foar SDS

Harm Stremler sette de oanfal op en skoorde yn twadde ynstansje


Yn de earste helte waard Zeerobben in inkele kear hast gefaarlik

Ek Bruinsma en Bergsma seagen mei nocht nei it moaie griene kuenstgers en de prachtige wite linen

Interim-interim koach Anne Brouwer jout Skelte Anema noch wat oanwizigingen foardat hy Tsjeard Halbersma komt ferfangen.

It waard yn de twadde helte 2-1 nei in prima pass fan Robert op Gert Jan

Mark kaam it fjild noch yn foar Robert en dy lêste socht gelyk Wiepkje op.

Op de tribune koene je de fuotten efkes lekker strekke. Yde Sijszeling makke dêr gebrûk fan.
 
Technysk manager Sjaarda seach dat it goed wie..

Foto’s
Op de webside fan Zeerobben steane noch wat foto’s fan de wedstryd Zeerobben- SDS. Sjoch hjir .