Wepperkes -snein-

Samar in sneon
12 maart 2005
Wepperkes -moandei-
14 maart 2005

Back op Hinnaard

9 moanne lyn sette Lieuwe van de Brug út Hinnaard ôf nei Australie. As in echte backpacker woe hy 9 moanne wat mear sjen as Spyk, Monsmabuorren, it Itenser keatsfjild, SDS en de kjeld. In pear wike lyn is hy weromkommen . In moaie tiid hân fertelde hy, wylst hy de ferrjochtingen fan SDS 4 folge. Ynkoarten ferwachtsje wy him werom op it fjild.

 

6 kear skore

Pieter Kamstra ek út Hinaard makke der foar SDS 3 in echt feestje fan. 6 doelpunten skoorde hy. Hy liket in regelrjochte bedriging foar Gearard Posthumus te wurden. Sjoch by senioren foar de komplete topskoorderslist.

1

Gerard Posthumus*

V

15

2

Hendrik de Jong

I

10

3

Harm Auke Dijkstra

III

10

4

Pieter Kamstra*

II

9

5

Anco Elgersma

IIIenIV

8

6

Ype Tiemersma

IV

8

7

Bas de Haan*

V

8

 

De lêste snie

Opmerklik wie de bult snie flakby de kantine. Neifraach by it bestjoer die bliken dat dit bard wie op fersyk fan Cambuur. Men is dwaande nei in ûndersyk, wêr’t Cambuur supporters sitte. Justermiddei om 5 oere wie it resultaat al dúdlik: Gjin Cambuur supporters. Elkenien rûn der mei in grutte bôge omhinne. In oantal lytse bern, dy’t der fansels wol efkes yn boartsje woene, waarden er gelyk troch heiten en memmen wei skuord.

 

Feest
SDS 1 waard ôflast. De oefenwedstriid dy’t pland wie yn Drachten koe net trochgean omdat de wedstriid yn Damwâlde te let ôflast waard. Foar sommigen wie dit net ferfelend. Der wiene freed in oantal aardige feesten west. De jeugd naam tydlik ôfskie fan Dirk Yde Sjaarda yn it dophok en de rest siet yn ús gebou by de Wikos en Geert en Gatze.

 

Tas mei sjurtsjes
Enne Johannes Bruinsma wist it seker: de tas mei sjurtsjes fan B2 moasten der wêze. Hy skold en skold en soe yn panyk al nei hûs om te sjen wat er mis wie.
Krekt op tiid kaam er der efter dat immen fan SDS 3 de tas meinommen hie yn de klaaikeamer. De tassen liken wol aardich op elkoar. De eksuses fan Sjoerd oan Enne.

 

Festiviteiten hjoed
Itens: Sjouke Sjoukema wurdt 70 jier
Easterein: AldelullenDaanBoersmafuotbaltoernooi

Earste ljipaai
Nije wike  maaitiid, seit Piet. De fûgelwacht fan Easterein is der klear foar te sjen oan harren boekje. Jim kinne fansels altiten noch riede wannear it earste aai fûn wurdt. Sjoch op
www.omropfryslan.nl

Wommelsopstap

It is al wer efkes lyn, mar dêrom noch net fergetten. De reis nei NewCastle is troch Rinse Joustra ek treflik yn byld brocht. Sels mei 3 lytse filmkes. Sjoch op www.wommelsopstap.nl  foar mear as 100 foto’s. Hjirûnder kinne jimme it ferslach noch lêze fan Feanfan Sjoerd van Beem.
Blinder wat binne we moai fuort west net?! 

Fuotbal is foar de man krekt lyk as make up foar de measte froulju, we kinne der net sûnder. As je dan ek nochris de kans krije om in wedstriid fan je eigen klup yn Ingelan mei te meitsjen, dan hoege je net lang nei te tinken.

Rinse, Frâns – Pyter, Jacob, Pieter, Wesley en ik ha dat dan ek net dien. En wat ha we in moaie tiid hand mei syn allen. De boatreis, it ferbliuw, de wedstriid, it wie in machtige erfaring. De hinnereis is it mal gien, de ferhalen yn’e krante oer de siike feansupporters wiene seker gjin ûnsin, wy ha it mei eigen eagen sjen kinnen. Wylst wy in pear bierkes dronken, waard de wc gauris brûkt foar wat oars as pisjen. Dat is ús lokkich net oerkaam.

It ferbliuw yn Newcastle wie yn 1 wurd; Bjusterbaarlik.

Ien en al freonlikens. ‘Sport verbroedert’. De wedstriid wie dan wol net wat we der fan ferwachte hiene, mar it stadion, de supporters en de pub’s makken dat mear as goed.

Opfallend wie it oantal SDS – ers dy’t de oerstek ek makken, machtich.

Dit is seker foar werhelling fetber, mar as in boatreis fan 14 oeren oer in wylde Noardsee dan ek yn it programma foar komt, doar ik net te sizzen.

Foar foto’s en sels 3 filmkes kinne je sjen op www.wommelsopstap.nl

Groetnis, Sjoerd van Beem (feanfan)