Samar in sneon

Útslagen SDS sneon 12 maart
12 maart 2005
Wepperkes -snein-
13 maart 2005

12 maart, amper in wike neidat er 30 sentimeter snie op it fjild lei, koe der wer fuotballe wurde. En op sa’n sneon bart er hiel  wat. SDS 1 en SDS 2 mochten oan de kant tasjen omdat harren wedstriid ôflast waard.

SDS B1

Sy setten moarns 9 oere CVVO nei in muoisume striid oan de kant. Troch doelpunten fan Jelmer, Ralph en Redmar wurdt it 3-1.

 

SDS E1
In doelpunt rike wedstriid (3-7) wêryn lieder Siepie Fopma ek noch fluitsje moast.

SDS F4
Sy hiene goed yn de gaten dat it kâld wie. Mei lange broeken stiene se te wachtsjen op it begjinsinjaal.

D1
Ek foar lieder, trainer en grinsrjochter begong it allegear wer. Hjir de technyske stêf fan D1.


SDS F3 wint!
hoi
Ik bin Marco Weijer en ik sit in SDS F3 en wy hawwe in it iiskalde Ljouwert mei 0-3 wun fan Blauw Wit.
groetjes Marco Weijer

SC Heerenveen scout SDS’ers
De wedstriid Franeker F2 – SDS F1 1-2
Leuk is om te melden dat der 2 spilers van SDS troch in skout fan sc Heerenveen opskreaun binne.
Teun Heeres
ut Wommels en Jan Peter Bootsma ut Itens.
Douwe Reitsma
Trainer f1

SDS 3
Pieter Kamstra wie de grutte man. Want fan de 8 doelpunten dy’t SDS 3 skoorde tsjin Leeuwarder Zwaluwen 7 makke hy der 6. Dat wie him noch nea earder oerkommen. De oare twa doelpunten wiene fan Gerlof Veldstra.

Slemiel fan de wedstryd waard doelman Jappie Wijnia. Krekt foar tiid gie hy mei nei foaren en makke dêr wat rûzje (of in Ljouwerter makke rûzje mei him). Skiedsrjochter Friso koe neat oars dwaan as beide spilers fuortstjoere.

 

SDS A1
In fel Makkum wie kommen foar 3 punten sen dat slagge harren. De 0-2 rêststân koe net mear omsetten wurde yn in gelykspul.
It waard 1-2 ferlies.

 

SDS 5
It hichtepunt fan dizze middei wie de striid fan SDS 4 tsjin Bolswardia 5.

Wy stelle jim in oantal helden foar:

Pieter Groenveld: hy stiet yn it doel.


 

Trinus de Jong, hy skrept en skrekt op it middenfjild

 

Piet Kempe: hy jout lieding oan it gehiel

 

Gerlof Jan Hofstra: hy bringt jeugdich entoesjasme yn de ploech


Pieter Lieuwe van der Valk: Hy giet er foar en dizze kear gie hy ek foar in doelpunt

Skiedsrjochter Tanja joech Bolswardia in frije traap yn it strafskopgebiet:

Bolswardia skoorde

SDS 5 krige in strafskop. Gearard waar dellein. Gearard skoorde de 3-3, syn 15 de doelpunt dit jier.

SDS 5 wûn mei 4-3. It winnende doelpunt wie fan Jehannes Dotinga. Bas de Haan skoorde it earste doelpunt.

SDS4
At er byholden waard hoe grut it persintaazje balbesit wie yn de wedstryd Makkum 3 – SDS 4, dan hie it neffens Knabbel en Babbel 80 – 20 west. Foar Makkum wol te ferstean. Op it skoreboerd stie nei 90 minuten 1-2 foar SDS.
Doelpunten fan Eddy (Knabbel) de Boer en Folkert Rients Vellinga. Neffens Eddy hie hy seker net in meter te folle rûn en neffens Ype hie hy de meters fan Eddy ek rûn. Dat wiene der dus net folle mear as oars.

Tefreden
It wie fanmiddei net drok yn de kantine mar de froulju fan de keuken wienen tefreden oer de omset fanmiddei.


Kuenstmeststruier
Net allinne de fuotballers wienen fanmiddei drok. Abe-Jan en Tom wiene drok dwaande om de neie kunstmeststruier oan te passen oan de hydrouliek.


Navelpiercing?
Sy woe har navelpiercing net sjen litte, no dan sa mar.


Mei tank oan Feike Jorritsma…….