Wepperkes -snein-

SDS ûnderút tsjin lettere winner
15 januari 2005
Wepperkes -moandei-
17 januari 2005

Traine.

It liket noch altiten net winter te wurden. Dus  moatte wy der rekken mei hâlde dat it fuotbal oer in pear wike wer los giet. Dan is it ek fan belang dat er wer traind wurdt. SDS 3 stiet er goed foar, SDS 4 stiet yn de subtop en SDS 5 wol graach wer omheech. Dêrom is der kommende tongersdei wer trainen. Sipke rekket om jim kommen.

 

Damme
It wie juster wer in drokte fan belang yn Easterein. Frysk damjen yn it kafé. Nei ôfrin is it allinne mar de fraach at Hartwert wer wûn hat en sa net wêrom net.

Hjoed hearden wy dat Wurdum kampioen wurden is en Hartwert twadde. Wy hawwe socht nei in reden en komme dan dochs op it rookbelied. Yn Hartwert op moandei tejûn mei net mear rookt wurde. Dat makket sommige spilers dêr ûnrêstich. Juster mocht yn it kafé wol rookt wurde. Tja dat wie fansels efkes wennen foar dy Hartwerters.

 

Bussen op sneon en snein
No’t wy it dochs oer Stoffel hawwe: It falt ús op dat der sneon en snein wol gau ris minsken by de bushalte steane te wachtsjen yn Wommels. Je sille lang wachtsje moatte, want de bussen komme dy dagen net mear yn Wommels. Je sille no altiten nei de grutte dyk moatte en kinne dan de “Giselbus” nimme en Ljouwert of Boalsert 

 

Bernhard

Der is al hiel wat ferteld oer Prins Bernhard. Hjir en dêr in flamke. Hjoed seagen wy dat er al wer in erfgenaam op dûkt is.

 

Riedsel
Efkes in kopkreaker fan de BNN kalinder : Hokker dei is it moarn, as it 4 dagen foar oare moarn tongersdei wie.
Oplossingen kinne maild wurde nei:
info@vv-sds.nl

 

Frysk
In inkele kear heare wy it noch. Wêr komt dy fryske ynslach yn Easterein en Wommels wei ? Wy hawwe lang oer it antwurd neitocht mar binne der no efter. Enne Bruinsma leit oan de basis. Earne yn 1975 organisearde hy in festifal yn Easterein. At jim
de foto goed besjogge , kinne jim ûntdekke hoe jong hy der doe útseach.