Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
31 maart 2007
Wepperkes -tiisdei-
2 april 2007

SDS E3 tiisdeitejûn yn aksje
Tiisdeitejûn spilet SDS E3 tsjin Easterlittens. It begjint om 18.30 oere en it barren fynt plak yn Easterein.

SDS 2 ek yn aksje
Ek SDS 2 spilet moarntejûn thús. Om 18.30 spylje sy thús tsjin Flevo Boys 2.

SDS 1 moat ek
Trainer Marcel Frankena lit ús witte dat de folgende spilers tiisdei meigeane nei Bûtenpost at tsjin Buitenpost 1 spile wurdt:
Jaap, Tsjeard, Jakob, Floris, Mark, Henk,Tsjipke,Johannes, Anne, Skelte, Robert, Feiko Broersma (a1), Feite, Dirk Yde, Redmer(a1), Cornee (a1).
 
We vertrekken om 17.00.

Takak net?
Goeie,
Wie krekt even in spultsje oan it dwaan en doe kriich ik samar in adfys fan Marcel. Takak is net goed genôch foar Cambuur. No dan helje ik ‘m ek net…(klik hjir).
Skelte Anema

De kantine is net mear

In kraan hat ôfrûne freed aardich oan de gong west.


Der bleaun net folle fan de kantine heel.


Al gau stie der allinnich noch in stikje dak.


Sjoukema kin it net langer oansjen.

Foto’s
De webmaster fan VV Sneek, Richard Sietsma, hat sneon sawol foto’s makke by
Sneek E3-SDS E4 en SDS B1-Sneek/Wit Zwart B1. Klik op de wedstryd om de foto’s te besjen op de webside fan VV Sneek.

SDS B1 spile sneon yn it grien.

SDS B1 ûnderút
Wy krigen ek noch in ferslach fan SDS B1 fan Klaas Pompstra:
We ha sneon ferlern fan kampioen Snits-WZS. Se binne noch net kampioen, mar dat mei net mear misse.
We ha der sneon in aardich taktyske spultsje besocht del te setten en dat slagge de 1e helte prima.
Mar Snits wie gewoan better en ek al omdat we 3 spilers misse moasten hienen we minder mooglikheden.
Al mei al wol in sportive wedstriid wer de skiedrjochter de beide teams lekker fuotballe liet.
Sneon nei LSC 1890 en dan misse we 2 keatsers….(keatskamp Nijverdal)…
(Klik hjir foar it hiele ferslach) 

Amateurvoetbalspel
Inkelde SDS’ers dogge mei oan it amateurvoetbalspel fan de Wijd en Zijd. Aant Hofstra en Bas van der Weij dogge it net gek.