Wepperkes -snein-

De nije A-seleksje is bekend!
15 juli 2006
Wommels yn rou
16 juli 2006

Yn Amsterdam
Mark Postma sil nei de simmer staazje rinne yn Amsterdam. Mei syn maten Rudy en Gerlof-Jan gyngen sij al fêst efkes bij de keamer fan Mark sjen en de omjouwing wat ferkenne.
Dat ferkennen levere úteinlik in aardich folle blaas op. No wie it sa dat de mannen fansels leaver yn de frisse lucht pisje, want se hiene de hiele jûn al mei wat Amsterdammers stien te zeiken.
Op de Keizersgrêft rint it net oer fan beamkes, dus wie it efkes sykjen om in gaadlik plakje. Dat slagge gelokkich. Alteast de blaas kaam leech, mar de beurs ek. Want
de Amsterdamse plysje hat it net sa stean op pisjen yn de iepen loft. Mark wie wat sneller as de oare mannen en hij koe noch krekt ûnskuldich stean te sjen. Rudy en Gerlof Jan mochten 70 euro betelje. En mochten wij plaatsjes draaie kinne dan draaiden wij no foar harren Wyldpisje fan Duo Ferbean.

Min…nee striemin
Trainer Verbeek fan sc Heerenveen hat noch in flinke klus, dat seagen net allinne wij mar ek Wouter en Jildert Hylkema, Friso Albada en Teun Boonstra justerjûn yn Aldegea. Yn in dramatysk minne wedstryd, wêryn se wol op 2-0 foarkamen, mar nei ti skoft neat, mar dan ek hielendal neat mear sjen lieten. Telstar kaam sels op 2-1 troch in skitterend  doelpunt fan Jan Bruin.

Erik no echt haadklasser
Erik Haitsma, krekt oerkommen fan Cambuur nei SDS, krige juster syn earste krâns omhongen op in haadklassepartij. Yn Makkum wûn hij Mei Teake T. en Klaas B.