Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
29 januari 2006
Wepperkes -tiisdei-
30 januari 2006

Op ‘e nij operere
Ein febrewaris moat Dirk de Jong op ‘e nij ûnder it mes. De dokter sil sjen wat der no wer oan syn knibbel mankeart. Heechtwierskynlik is it de krúsbân dy ’t Durk dwers sit. Wy hoopje dat de dokter it probleem ferhelpe kin.

Oranje Nassau
SDS 1 spilet sneon foar it earst wer nei de winterstop. Sy moatte sneon út tsjin Oranje Nassau Grins. Oranje Nassau hat yn de winterstop al meardere keren oefene. In soad sukses hie dit net(sjoch hjir).

SDS League
Jim hawwe noch 5 dagen om jim nije team yn te leverjen foar de SDS League. Klik hjir om in nij team te meitsjen.

Iiswille
Wij krigen al fragen oer de iiswille op Skrok. No’ t de iisbaan yn Wommels noch altiten net iepen is, wurdt er fertier socht op it wetterplak bij de fûgelhutte op Skrok. Op de fraach at men ek lid wêze moat, kinne wij dúdlikheid jaan. Je meie dêr sa ride, sûnder lidmaatskip. It ienige is dat je de aaien, dy’t je fine, net meinimme meie.



Fraach
SDS 1 gie yn de Midwintercup ûnderút tsjin Avanti út Stiens. Dizze klup is yn 1983 oprjochten. Wêr steane de letters Avanti eins foar? Mail it nei info@vv-sds.nl.

Voice mail
Hinke lit ús witte dat sy der dochs wol swier oan sit te tinken om voicemail oan te skaffen. Sjoch
hjir wêrom.

Letter mear!