Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
29 januari 2006
Wepperkes -woansdei-
31 januari 2006

Nije koprinner
Yn it “spiler fan it jier”-klassemint is Dirk-Yde eindliks fan it earste plak ôf. Yn Eastenryk stie der fan ‘e wike op ‘e latten en dit levere gjin punten op. Tsjipke pakte al punten op it glêde fjild yn Easterein en nimt it 1e plak oer. Klik hjir foar de hiele stân.

Nije Treffer
De nije Treffer soe ôfrûne wykein útkomme. Jammer genôch hie Hanzedruk wat problemen mei in hechtmasjine en binne de Treffers noch net klear. Hooplik komme se moarn.

SDS-ers op in paad
Freddy Scheltema seach der al sa lange tiid nei út. Tiisdeitejûn 31 jannewaris soe der nei Liverpool om de wedstryd tsjin Birmingham bij te wenjen. In hin en weromke boeke mei it fleantúch, in hoteltsje foar ien nacht boeke en de wedstryd sjen.
Wij binne benijd hoe’t it mei Fred ôfrint: de wedstryd is ferskood nei woansdei, wêrtroch in nacht langer boekt wurde moast en in ekstra kaartsje foar it fleantúch oanskaft wurde moast. Mar it slimste is noch wol dat der oanplakt stiet: sold out.
Wij binne benijd nei mooglik in enerfearend ferslach oer in wedstryd dy’t hij miskien wol net bijwenne hat.

Jierdeis
It wurdt wer in feestlike wike bij SDS 4. Jacob Plantinga en Stoffel Bouma wurde in jierke âlder. At jim witte wolle wa’t de âldste fan de twa is moatte jim hjir sjen.

Transfers
It falt fansels net mei om de goeie opstelling te meitsjen bij de league. It is dan ek saak om it nijs goed bij te hâlden. Dat kin bijgelyks mei dizze side.

SDS League
Sicco Scheltema hie it foarige wike al foarspeld en no is it safier. Masjtorovic(TWE) en Vreven(VIT) kinne skrapt wurde fan de list fan de SDS League. Ek Maxwell(AJA) en (Östlund(FEY) binne derôf. Hjoed is de lêste dei dat de transfermerke iepen is. Wy ferwachtsje it folgende noch:
*Barretto(fan NEC nei Feyenoord)
*Sibon(fan PSV nei SC Heerenveen)
*Perez(fan Ajax nei AZ)
*Martens(fan RKC nei AZ)
*Saïdi(fan Feyenoord nei Lecce)
*Ghaly(fan Feyenoord nei de Spurs)
*Gibbs(fan Feyenoord nei ADO)

Amateurvoetbalspel.nl
Hawwe jim it tot-formulier al ynfult foar de wedstriden fan kommende sneon? It kin noch oan ’t en mei freed. Klik hjir om it yn te fullen. Je moatte je wol earst efkes registrere. It kostet neat. Der binne net folle minsken dy ’t in soad fertrouen hawwe yn SDS 1 kommende sneon:

Ronde 1 1 2 3
(Meidwaan? klik hjir)
Oranje Nassau – SDS 92.1% 4.8% 3.2%

Letter mear!