Wepperkes -snein-

De wedstriden fan 29-10
29 oktober 2005
Wepperkes -moandei-
30 oktober 2005

Net mear as 5
Neffens ús bron sei Anne Brouwer sneon tsjin Remco foar de wedstriid, dat hy der net mear as 5 trochgean litte mocht. Remco joech altiten al om sizzen dus no ek. Miskien is it goed dat Anne folgende wike seit: net mear as nul trochgean litte.

Eindelik in kear wûn fan…
De hiele simmer hawwe se alle war dien om fan him te winnen. Bauke Dijkstra, Feiko Broersma, Douwe de Boer, Redmer Strikwerda en Erwin de Boer. It slagge nea.
Hyltsje Bosma fan Makkum kaam hast altiten mei de priis thús. Mar sneon wie it dan safier. Hyltsje, waard as doelman fan jv Bolsward ferslein troch de jonges fan SDS. Utslach 6-4, om it mar efkes yn keatstermen te hâlden.

SDS C1 ferliest fan de koprinner
Hjoed tsjin de koprinner Ljouwerter Sweltsjes en we binne sûnder punten thúskaam. We stienen al 5 punten efter en dat binnen no 8. Mar de kompetysje is noch lang….Posityf wie dat we wer in soart leart ha en as team ûnder druk en hieltyd better fuotbalje. We hoopje dat sneon ek sjen te litten yn de thúswedstriid tsjin Makkum C1. Klik hjir foar it ferslach.

Reserve doelman
Pieter Groenveld stiet bij SDS 5 yn it doel. Hij moat betiden alle silen bijsette om syn doel skjin te hâlden. Tsjin Tsjom 2 foel dat ek wer net mei. Geert Poeze, ien fan de ferdigeners en de reserve doelman , makke it him ek noch hiel dreech, want hij skeat yn eigen doel.
Geert fûn dat fansels hiel ferfelend en hij woe it graach wer goed meitsje bij Pieter. 10 minuten foar de ein krige hij dêr de kâns der foar. In ynset fan in Tsjommer gie Pieter foarbij, mar gelokkich stiet Geert noch op de line. Helaas wie Geert fergetten dat er dizze kear net doelman wie, want hij sloech de bal mei de hân út it doel. “Strafskop” oardielde de skiedsrjochter en hij joech Geert ek noch read. Geert hie wolris bettere dagen hân.

Topskoorder
Fanôf sneon is Wichard Deinum de Arveladze fan SDS: hij skoorde nammenlik de measte doelpunten. Bij senioaren stiet de folsleine list.

Simmertiid/wintertiid
Al jierrenlang makket SDS supporter Oebele de Boer sneintemoarn in rûntsje mei soan Jan. Sij rinne dan altiten nei Wommels en wij op de Walperterwei en Swingoerd kinne de klok der op gelyk sette. 10.30 oere skarrelje se bij ús lâns. Ek fan’e moarn. Allinne de klok der op gelyksette gie net op. Want de hearen de Boer hiene de âlde tiid noch oanholden. Om 9.30 oere nije tiid seagen wij se hjoed wer gean.

Gjin beker
Begjin dizze wike kundigen wij oan dat SDS 3 futsal foar de beker spylje moast tsjin TOSS. Harm Auke liet ús witte dat soks net kloppe koe want sy hiene yn de earste ronde ferlern. Klaas van der Weg, harren lieder, skille de bûn op en sy joegen oan dat de wedstryd dan net troch gean soe. Sij soene it fieders wol regelje. SDS gie dus net nei de sporthal mar de skiedsrjochter en de tsjinstanners wiene wol fergees nei Easterein reizge.

Ut te fytsen
Sneontemoarn fertelde Jan Strikwerda dat hij moarns betiid wekker wie en efkes te fytsen west hie. It wie ek sok moai waar. Letter op de moarn fluite hij de D-s.
Jehannes Dotinga wie sneontemoarn ek betiid wekker: 5 oere. Ek hij tocht: kom lit mij ris út fytsen gean en hij fytse fluch en feardich nei syn freondinne yn …Makkum.
Syn reis werom letter dy dei gie minder fluch. In lekke bân soarge der foar dat hij in moai ein rinne moast. Hij wie dus al wurch doe’t hij begjinne moast bij SDS 5.

Fan herte lokwinske!
Juster 29 oktober wie it 12 1/2 jier lyn dat Hans en Dieuwke Kooistra yn it houliksboatsje stapt binne. Fan herte lokwinske! Klik hjir om harren ek lok te winskjen.  

Hawwe jim noch nijs: mail it ús.