Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
17 oktober 2005
Antwurd kwisfraach.
19 oktober 2005

Ferslach SDS 1-BCV 1
Klik hjir om it ferslach te lêzen dat stiet op de webside fan Topamateurvoetbal.nl.

Dat dogge wy net!
Witte jim werom it sneon sa lang duorre foardat de 1-1 stân op it scoreboerd kaam? De pupillen fan de wike(Jelle-Jan en Ruerd Visser) wiene net fan plan om foar de tsjinstander in boardsje op te hingjen. Pas nei oantrúnen fan ús kant ha se it ophongen. De
2-1 wie samar klear.
Immie Kamstra

Lokwinsken
Wy fan de supportersveriging wolle hjim fan SDS nog efkes felicitere mei hjim nuttige oerwinning op ús BCV.
Allinich moatte hjim ek nog in kear nei Burgum, en dan lûke wy it allegearre wol wear rjocht.
Hjim hienen der wol in hiele leuke entourage fan makke.
Suk6 folgende kear en tot maart yn Burgum.
Menno Gorter
Voorzitter Supportersvereniging BCV

In jûntsje futsal
Kommende sneon is it rêstich op de Skoalleseize. Der is gjin kompetysjeprogramma en bekerfuotbal yn Easterein. Fan oefenwedstriden hawwe wij noch neat heard.
Om dochs jim sjochfuotbalminuten te krijen dizze wike is it miskien in goed idee om woansdeitejûn efkes bij it futsal te sjen. Om 8 oere spilet futsal 1 tsjin Ens en om 9 oere futsal 2 tsjin Genemuiden. Jim binne fan herte wolkom.

Kwisfraach
Om de kwis wat waarm te hâlden hat Freddie Scheltema wer in fraach betocht:
Rodion Camataru werd ooit Europees topscorer. Bij welke club speelde hij toen en hoeveel doelpunten maakte hij?
Mail jim antwurd nei info@vv-sds.nl!

The JR-story(diel 2)
Dyselde man as fan dy flagge forige wike komt jûns nei de wedstriid(fan 2 wike werom) mei Durk noch efkes ‘1’ bierke drinken yn’e kantine. 1 wurde der 2 en gean sa mar fierder. Dan stiet de man op in stuit de wedstriid te ‘evalueren’ mei in oare man. De man seit: SDS 1 hat de earste tsjingoal te tankjen oan in blunder fan de keeper. De oare man seit: sil ik my efkes foarstelle: ik bin Remco Brouwer. De man seit: ik bin JR en giet gewoan troch mei it ferhaal oer de blunder fan de keeper. Dan seit de oare man noch marris: ik sil my efkes foarstelle: Ik bin Remco Brouwer, de keeper fan it earste. No, jo snappe wol, dat de man it skamread op de wangen stie. Hindert neat hjer Jan Rinse Blanksma. Wy binne bliid datsto op it fjild mei de flagge drave wolste en datsto it sa gesellich fynste by SDS.

J.R.

Noch ien kear Fryske dei
Mei in goed gefoel sjocht de kommisje werom op de Fryske dei. Wij wolle net neilitte elkenien tige tank te sizzen foar de bijdrage.  Want it Fryske folksliet sa efkes te sjongen, it Fryske hynder fan stâl te heljen om twa ballen te bringen, in dei yn in rok om te rinnen, it fuotbal ôf te sizzen om Frysk te damjen it wiene allegear bijdragen dy ’t bijdroegen oan de sfear. En net te ferjitten de flagjes út Itens (wat binne wij bliid dat wij dêr goeie kontakten hawwe) en de hesjes fan doarpsbelang Easterein. En mei al dy prizen dy’t beskikber steld wiene, wiene wij tige ynnommen.
En ta beslút tank oan de frijwilligers dy’t freedtejûn en moandeitejûn de oanklaaiing oanbrocht en ôfbrutsen hawwe.