Evenementen in december 2022

Fryske dei wepperkes
2 oktober 2005
Bistedei-wepperkes
4 oktober 2005

Wer gjin winst foar SDS A1
De A1-junioren wachtsje noch altiid op de earste winstpartij.Út tsjin Heerenveen A2 waard it op Skoatterwald 2-2.In fracht oan kansen. De measte kansen koene ús spitsen net fesilverje. In soad blessureleed (Geert en Johannes). In 0-2 foarsprong. Twa slemieliche goals tsjin. Mar ien kans tsjin en dizze kans waard ek noch oer sketten. Goals fan Feiko en Ralph op oanjaan fan Johannes. Koartom in wedstriid om snel te ferjitten. Wat soe it moai wêze at we folgende wike it gelok oan ús eigen side hawwe. Of moat de gifbeker hielendal leech?
Klaas en Marco


Lytse Lútzen
Sieuwke en Frank Rijpma(SDS 2) hawwe fan freed op sneon in jonkje krigen. Syn namme is Lútzen. Hy weaget sa ’n 8 pûn. Fan herte lokwinske! De kaarten kinne nei:
Fam. Rijpma
Aenkommewei 1
8735 HH Itens

SDS timmert aardich oan de dyk
Dit mailtsje krigen wy fan de freondinne fan Stefan van Krimpen(SDS 2), Hannah de Boer:

Hallo,
Ik wist dat SDS behoorlijk aan de weg aan het timmeren is met een nieuw trainingsveld en straks nog een nieuwe kantine maar ik had nog niet gehoord dat sds ook een vrachtwagen had gekocht totdat ik hem onderweg tegenkwam en gelukkig een foto kon maken! voortaan kunnen de spelers hun voetbalspullen bij een uitwedstrijd zeker laten brengen door deze vrachtwagen!!! Nu nog een spelersbus!!!
Groetjes Hannah


Bistedei
Moarn is it bistedei. Wy wolle dit net hielendal oan ús foarbygean litte. Wa mailt ús in foto fan syn húsbist mei in SDS-sjaal, SDS-sjurt of oar SDS-attribuut. Mail de foto nei
info@vv-sds.nl!

Op ‘e kop?
Dit mailtsje krigen wy fan de famylje Meijer:
Vrijdagavond hadden wij bar dienst bij de opening van de nieuwe oefenhoek,bere gezellig en een beste opkomst. Ze hadden Harm B gevraagt om de SDS vlag en de Friese vlag op te hangen, nou zou je denken dat H,die al eenpaar jaar mee loopt wel weet hoe dat moet maar nee hij kwam ons vragen hoe de Friese vlag moest hangen, met de pompebleden naar boven open, of naar beneden, het blijft een bijzonder kind die H.
groeten keimpe en hiek
 of
Hoe siet it ek alwer?

Nije thússidee
It keatsseizoen is foarbij en dat is foar de keatsferiening fan Itens  en omkriten it momint om
de nije thússide te presintearen.  Mei in nije klaaigelegenheid en in nije side is de klup no al klear foar 2006.  
 
Sportspotsjes
Bij SDS bart altiten wol wat. Alteast at je moandeis yn de LC sjogge. Soms jouwe wij lykwols neat troch. Wij fine ek dat oare klups oan bar komme moatte. Je binne dan wol ferbaasd fansels at er moandei 3 oktober dochs wat ynstiet oer SDS. It giet oer de tsjinstanner Viboa dy’t mei grutte muoite Easterein fine koene. Fan dêr dat se ek sa let wiene yn Easterein.
 
Net op stap
Kapitein in bekinde loftsefter fan SDS en Sabetochter mei graach fiskje. It skynt sels sa te wêzen dat hij it útgean foarbij gean lit foar it fisken. Want sneintemoarn skynt it goed bite te wollen en dan moatte je wol wat fit wêze. It resultaat kinne jim sjen op
www.sabetocht.nl
 
Prestaasjes
Wylst de iene keatsklup him
presinteart, giet de oare keatsside hast de wintersliep yn. John Frederikstadt Weijer hat alles bijholden en komt mei in
oersjoch fan it oantal prizen fan k.f. Wommels.

Fryske dei
Der komme hieltyd mear reaksjes binnen en it entoesjasme is hast net mear te stuiten. Sjoch foar nije programmaûnderdielen bij Fryske dei wepperkes.
Hawwe jim noch wat, mail it ús.
 
 
Letter mear!