Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
25 april 2005
SDS League: Skrok 11 nimt de kopposysje oer.
27 april 2005

Earste klas kenner fan de twadde klasse K
Wa wurdt kampioen, wa docht mei oan de neikompetysje, wa degradeart streekrjocht en wa einigt op it tredde plak fan ûnderen. Op dy fraach hawwe wy al ferskillende antwurden binne krigen.
Ut Boalsert, Garyp, Drachten, Droegeham, Opeinde, Ealahuzen, Wommels, Kootstertille en Easterein. Der binne ek noch moai wat dy wolle der noch efkes oerneitinke. Wy ferwachtsje jim reaksje op info@vv-sds.nl  Doch mei en win in SDS horloazje.

ONT-er sjogge ONT kampioen wurden en SDS-ers SDS
It is dúdlik dat de supporters fan de eigen klup in protte fertrouwen hawwe yn de eigen jonges. Sa sjogge hast alle SDS-ers SDS kampioen wurden en sjogge se by ONT harren eigen ploech as de grutte favoryt.
De earste 13 foarsizzingen binne binnen en it jout in protte fariaasjes kinne jim sjen.

Hoe hat SDS 4 spile?
SDS 4 moast fannejûn spylje tsjin Blauw-Wit ’34 7. Wy binne benijd hoe as it ôfrûn is. Mail it nei info@vv-sds.nl.

Fan de Skoalleseize
Momenteel is de Skoalleseize weer druk bezig met allerhande aktiviteiten. Deze week worden er weer diverse kabels en leidingen ingespit.
Dat dit af en toe enige overlast met zich mee brengt is niet anders, e.e.a. wordt uitgevoerd met vrijwilligers en vaak in de avond of weekend uren.
Wij vragen daarvoor begrip van een ieder.
Het is tenslotte allemaal voor een gemeenschappelijk doel en dat is een perfect sportpark met accomodaties te realiseren.
Later meer.
Bestuur “Stichting Skoalleseize”

Foar de Skoalleseize
De Skoalleseize hat sûnt juster syn eigen plakje krigen op ús webside. Jimme kinne dit linksûnder fine. Yn de takomst sille wy tegeare mei de Skoalleseize besjen hoe wy dit brûken gean.

Fersetten
De KNVB hat, op oandringen fan SDS, de bekerwedstriid tusken LTC Assen 2 en SDS 2 fersetten fan 3 maaie nei woansdei 11 maaie. Dit komt foar SDS 2 wat better út. Sy moasten oars op 3, 5 èn 7 maaie fuotbalje.

Greidhoeke kuiertocht
Op 8 maaie wurdt de Greidhoeke Kuiertocht wer hâlden. Dit kear mei de start yn Boazum. Âld-Trefferredaksjelid Meinte Wesselius hat tegeare mei Tricat út Boalsert(dy ’t ek ús webside makke hat) in krease webside makke. Sjoch ek ris op www.greidhoekekuiertocht.nl.

Sneu!
Âld-SDS’ers Remco Bervoets is trainer by Minnertsgea. Hy die it dêr knap mei as hichtepunt it kampioenskip yn de 4e Klasse foarich seizoen. Dit jier rûn alles oars en binne sy degradeare. It wie Remco syn lêste jier by Minnertsgea. Remco giet kommend seizoen gjin team trainen. Soe der wer by SDS komme te fuotbaljen???

Wat te dwaan?
De mannen fan SDS 2 wolle graach oan it ein fan it seizoen iets aardichs dwaan mei syn allen. De ien wol te skûtsjesilen, de oar te paintballen of wat mar ek. Sy komme der net út mei syn allen. Lokkich genôch hawwe wy noch wol wat ideeën. Wat tochten jimme fan:
* Te dûken (sjoch hjir)
* Te fiskjen (sjoch hjir)
* Te parasjute springen (sjoch hjir)
* Of mei Stefan op ‘e motor fuort (sjoch hjir)
Neffens ús wolle sy net sizze wat sy dwaan geane, mar moat wol eltsenien de swimbroek meinimme……………(sjoch hjir).

Miskien letter mear!