Wepperkes -snein-

Utslaggen 7 april
6 april 2007
Wepperkes -moandei-
8 april 2007

Utlizze
Klaas Okkema hie sneontemiddei hiel wat út te lizzen oan syn ploech SDS 5. Syn  oerstap nei Oeverzwaluwen sjocht hij lykwols as in promoasje, wat troch inkele feteranen betwifele waard.
Klaas hat ús tasein dat alle spilers fan SDS 5 foar takem jier in seizoenkaart útsykje kinne foar Oeverzwaluwen 2 of A1.

Kampioen

Lourens van der Pol hie sneon in bysûndere dei. Moarns fuotballe hij mei E4. Hij keepte de earste helte en skoorde twa kear yn de twadde helte.
Dêrnei reizge hij ôf nei Leek en waard dêr judokampioen fan Noord Nederlân  12 jier oant 40 kilo.
(bron: in grutske heit)

Fraachje
Dy selde Tjerk van der Pol hat noch in leuke fraach:
welke keeper uit de eredivisie is ooit nationaal judokampioen geweest? Mail it nei
ús!

Spitsentrainer
Dirk Yde Sjaarda kaam sneon twa kear allinne op de doelman ôf. Beide kearen skoorde hij net. Dit ta ôfgrizen fan âld 1ste alvetalspiler Gelf Eringa.
Syn kommentaar:
Ik soe dizze jonge graach efkes traine wolle oan oan te jaan hoe’t it wol moat.
Sa’n goed oanbod kin Sjaarda fansels net lizze litte en wij rekkenje der op dat Sjaarda efkes op les giet bij dizze feteraan yn rêste.

Keepersclinic

Woensdagavond 11 april a.s wordt op de Skoalleseize een keepersclinic gehouden voor de F’s t/m A’s. 19.00 uur.
Door Rudi Hobbenschot.
Iedereen van harte welkom.

Joost?
Konsternaasje juster yn de bestjoerskeamer. Yn it programmabledsje fan juster hie Douwe Dirk Reitsma in lyts foarwurd. Hy die in dit stikje gjin útspraak oer in mooglike útslach fan de wedstryd SDS 1 – ONT 1; “Wat de uitslag wordt? Joost mag het weten”. Bestjoerslid Immie Kamstra snapte der neat fan. “Welke Joost bedoelt hy no? Wêr wennet dy beste man?”

1 april
Yn it programmabledsje fan juster skreaun Douwe Dirk Reitsma ek dat ONT ek al dwaande is mei it kommende seizoen mei it each op it oanlûken fan Robert Herder fan ONT. Douwe Dirk hie hjirby efkes mist dat it hjir om in 1 aprilgrap gie.

Te keap
Horloazjes, sokken en sjaals binne te keap bij Tineke Vink.

De Singel 30a

Easterein

0515-333134

famviea@hetnet.nl

Nijs?
Mail it nei
ús!